Stageline-sjonger bringt selsmakke liet op de stip yn De Kuip: "Tirana Oohoh"

It is skreaun ûnder de dûs, mar snein sil sjonger Kevin Bijlsma syn liet Tirana Oohoh hearre litte op de stip yn De Kuip. Feyenoord spilet dan tsjin FC Twente.
De Kuip © ANP
Sjonger Kevin Bijlsma is ûnder oaren bekend fan Stageline en makket ek muzyk foar de Dick Voormekaar Podcast. Doe't bekend waard dat Feyenoord 25 maaie yn Albanië spilet yn de Conference League, skreau er it liet.
"Hij ging eerst al lekker qua streams", seit Bijlsma. Dêrnei belle al gau syn manager. "Hij zei: 'ik heb een hele mooie aanbieding voor jou."
It die bliken dat de klup it liet no snein graach hearre woe, op it momint dat de spilers in eareronde dwaan sille. Doe libbe er pas echt op in "roze wolk", seit Bijlsma. Hy hat no ek kontakt mei de supportersferiening fan de fuotbalklup, en sil aansten mear foar de klup dwaan.

In folle Kuip

"Je moet je voorstellen, ik ben groot supporter", seit de sjonger. "Om op het veld te staan is al één ding. Dat je dan je liedje mag doen is helemaal te gek."
Kevin Bijlsma oer syn selsmakke liet foar Feyenoord
Tirana Oohoh is makke op de melody fan Volare. It kaam samar by him op, wylst er oan it dûsen wie. "Ik was aan het fluiten, en ik dacht: daar past Tirana prima op."
"Het is ongelooflijk", seit Bijlsma. "Scheidsrechter Erwin Zeinstra, ook een bekende Fries, is een vriend van me. Hij zei: een volle Kuip, je moet gewoon genieten. Het is niet normaal."