Wisse Broekstra ljept as junior fierder as de senioaren yn Bûtenpost

Yn de earste fierljepwedstriid op it heechste nivo sprong junior Wisse Broekstra mei 19,34 meter fierder as alle senioaren. De oerwinning yn Bûtenpost gong nei Ysbrand Galama.
Wisse Broekstra © Martin de Jong Fotografie
Peter Faber fan Oldehove (16,81 meter) en Riemer Durk Krol fan Heech (16,58 meter) folgen nei him by de junioaren.
Ysbrand Galama fan Warkum is mei 18,45 meter yn syn twadde finalesprong winner wurden by it fierljeppen fan de senioaren.
Ysbrand Galama © Martin de Jong Fotografie
It wie in moaie sprong foar Galama, al kaam it noch net by syn persoanlik rekôr fan 21,53 meter yn de buert. Jesper Demmer fan Warkum sprong 17,83 meter byinoar en helle dêrmei it twadde plak. Feike Stellingwerf fan Koudum sleepte mei 17,80 meter it tredde plak binnen.
Dytmer van der Wal fan It Heidenskip waard fjirde, mar sprong in persoanlik rekôr. Hy ljepte in ôfstân fan 17,03 meter yn syn earste finalesprong.

Van der Wal lit sjen wat se kin

Marrit van der Wal fan It Heidenskip pakte by de froulju it earste plak. Sy sprong 15,75 meter yn de earste finalesprong. Twadde en tredde priis giene nei Femke Brouwer fan Arum (13,45 foar de finale) en Pytrix Westra fan Burgum (13,43 foar de finale).
By de famkes is Berber de Vries fan Mantgum earste wurden, sy ljepte in ôfstân fan 13,54 meter. Twadde waard Hilde van der Weij fan St.-Jabik (sy sprong foar de finale noch 12,66 meter) en tredde Inez Bouwman fan Niehove (12,02 meter).
Erwin Lefferts fan Bûtenpost hie by de jonges genôch oan syn winnende ôfstân fan foar de finale: 14,83 meter. De twadde priis gie nei Auke Jan Jilderda fan Burgum (14,00 meter) en Douwe-Franke Westra fan Burgum waard tredde (13,80 meter).
De earstfolgjende wedstriidjûn foar de earste klasse is op 21 maaie yn Winsum.