Jesse Rintjema wint it twadde Frysk Kampioenskip Sjippekistrace

Ferwert wie sneon it striidtoaniel fan it Frysk Wrâldkampioenskip Sjippekistrace: der wie in skâns fan 5 meter heech en 25 meter lang oanlein. De winner waard Jesse Rintjema fan Holwert.
Frysk Wrâldkampioenskip Sjippekistrace © Mart Jager
It wie de twadde kear dat it kampioenskip holden waard. De earste kear wie yn 2019, mar dêrnei folgen twa coronajierren wêryn't it net koe.
Alle sjippekisten waarden kard en dêrnei folgen der twa heats en in finale. Yn dy finale mochten de rapste 12 koereurs nochris fan de baan.
De winner mei de rapste tiid © Mart Jager
Jesse Rintjema sette in tiid fan 12,05 del. Fierder wiene der prizen foar de moaiste sjippekist (fan Team Hotrod) en de moaiste crash (nei Sietse van der Woude en Hein de Vries).