De realisaasje fan it Brûsplak op De Jouwer is in oefening yn geduld

Der liket mar gjin ein te kommen oan de Brûsplak-kwestje op De Jouwer. Der is noch hieltyd net in kar makke wêr't dat kulturele sintrum krekt komme moat. Der wurde no wer twa opsjes ûndersocht.
De ried hat him keard tsjin it favorite plan fan de projektgroep:
De Jouwer wol al sân jier in sintraal plak foar kulturele en maatskippelijke organisaasjes, fan de fanfare oant de damklup. De inisjatyfnimmers fan it Brûsplak hawwe ferskate mooglike lokaasjes betocht.

Fertutearze Evenemintehal

Ien derfân is de âlde evenemintehal. De hal oan de Vegelinswei hat foar de projektgroep lykwols net de foarkar. "It gebou is slim fertutearze. As myn soan fan de repetysjes mei de muzykferiening thúskomt, stjonkt hy nei de hal", fertelt Tea Osinga, dy't yn de projektgroep it Lokaal sit. Sy hawwe it inisjatyf naam foar in Brûsplak.

't Haske

Ek partysintrum 't Haske is foar de projektgroep eins gjin opsje. "Dan binne we 't Haske kwyt en dat wolle wy op De Jouwer net. Boppedat is it sintrum noch eigendom fan in ûndernimmer." Wol besiket de eigener it te ferkeapjen, om't er it wat rêstiger oan dwaan wol.
Tea Osinga en Sjoerd Seffinga fan de projektgroep © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De projektgroep sjocht it leafst sporthal De Stuit as lokaasje foar it Brûsplak. De hal fan 50 jier âld moat dêrfoar wol ferboud wurde. "Mar wy fine it tige geskikt, hielendal yn kombinaasje mei sport."

Ried net foar De Stuit

Hoewol't ek it kolleezje fan De Fryske Marren foarstanner wie fan De Stuit, hat de gemeenteried dat ôfrûne woansdei foarearst ôfwiisd, nei flink wat wjerstân fan omwenners.
Dy omwenners binne benaud foar oerlêst en ferkearsdrokte. Oan de E.A. Borgerstrjitte sitte meardere skoallen, it is in drokke ferkearsier troch De Jouwer en omwenners moatte ek by de dyk del parkearje.

Undersyk en geduld

In oantal partijen fynt de Evenemintehal in moai alternatyf, op in rêstiger plak. Mar oare partijen sjogge mear soelaas yn 't Haske. Fan beide lokaasjes sil no ûndersocht wurde hoefolle jild it kostje soe om dêr it Brûsplak te realisearjen.
En dus moat De Jouwer wer geduld hawwe, wylst der is grut ferlet fan in lokaasje. "Allerhanne ferieningen sitte der op te wachtsjen." Gemeente De Fryske Marren hat al wol 6,5 miljoen euro reservearre foar de it realisearjen fan it Brûsplak.