HEA! De muoike fan Jouke

Ciska en Willem Versluis-Huitema binne drok oan it goathimmeljen by harren hûs yn Sint-Nyk, wannear't HEA! harren treft. Ciska docht it measte wurk, Willem hâldt de ljedder beet.
HEA! Goeie Sint-Nyk
It pear is omke en muoike fan boer Jouke Huitema, ien fan de kandidaten yn it populêre telefyzjeprogramma Boer Zoekt Vrouw, en dêr binne se wol grutsk op. Alle sneinen sitte se der foar. Ciska fynt dat har neef him goed sjen lit, krekt sa't hy is. En mei syn kar foar Karlijn út Brabân kinne se it ek wol iens wêze.