Boer Brussel Beweging: In FryslânDOK oer de besteging fan lânbousubsydzjes

De EU wol boeren duorsumer wurkje litte en sa soargje foar minder bestridingsmiddels en mear bistewolwêzen. Dêrom komt der mear tafersjoch op de besteging fan lânbousubsydzjes. Binne boeren ree om dy griene omslach te meitsjen?
De FryslânDOK 'Boer Brussel Beweging' lit sjen wêr't de miljoenen lânbousubsydzje hinne gean. De dokumintêre wurdt útstjoerd op 14 maaie by NPO2 en op 15 maaie by Omrop Fryslân.
It ferduorsumjen fan de lânbou stiet ûnder druk. Plannen fan de Europeeske Uny foar in nije, grienere Farm to Fork strategy lizze ûnder fjoer. Foaral sûnt it útbrekken fan de oarloch yn Oekraïne en dêrtroch de eangst foar te min itensproduksje. Dochs wol de EU fan takom jier ôf in nij Gemeenschappelijk Landbouw Beleid (GLB) yn wurking gean litte.
Skries © Omrop Fryslân
Fryske boeren krigen yn de perioade 2014-2020 mei-inoar 815 miljoen euro Europeeske ynkommensstipe. In tredde part fan dat bedrach wie bedoeld foar in griener lânbouklimaat, mar it resultaat is der net nei.
De stikstofútstjit is omheech gien en mei de biodiversiteit, de ynsekten en de greidefûgels giet it min. It oantal biologyske boeren is 4 prosint yn stee fan de winske 25 prosint. Dat moat better en dêrom sil de EU stranger tasjen op fergriening.
Pleats en blomryk lân © Omrop Fryslân
It nije belied betsjut foar in protte boeren de kar tusken minder subsydzje, óf mear 'fergrieningswurk' foar itselde jild. Yn de FryslânDOK 'Boer Brussel Beweging' ûndersiket Bart Kingma de ynfloed fan de EU op it gedrach fan boeren. Binne sy ree om mei stipe fan de EU op in oare manier oan it wurk te gean en harren yn te setten foar in better klimaat?
Bart Kingma oer de FryslânDOK
FryslânDOK 'Boer Brussel Beweging'
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.