Nije kolleezje fan Ljouwert is rûn: seis wethâlders

13 maaie 2022 - 22:06

It nije kolleezje fan Ljouwert is rûn. It wurdt op 1 juny presintearre. De fokus fan it kolleezjeprogramma komt te lizzen op fergriening, ferduorsuming en wenningbou. Dêr is jild foar beskikber, sa litte de ûnderhannelers witte.

It nije kolleezje fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Der komme seis wethâlders. Foar de PvdA Hein de Haan en Hein Kuiken, foar GrienLinks Evert Stellingwerf en Nathalie Kramers. It CDA leveret Abel Reitsma en Gemeentebelangen Gijs Jacobse.

Gemeentebelangen komt foar it earst yn it kolleezje yn Ljouwert. Jacobse makket ek in comeback yn de Ljouwerter polityk. Hy hie foar de ferkiezings oanjûn nei 25 jier net werom te kommen as riedslid. Jacobse wie wol beskikber as wethâlder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)