Safolste ûngelok yn Hantumerhoeke: "We voelen ons niet meer veilig"

De ferbjustering is grut by de famylje Poutsma yn it buorskip Hantumerhoeke. Foar de safolste kear is woansdeitejûn in auto yn harren foartún bedarre. It hûs fan de famylje stiet oan de Dokkumerwei, flak by in skerpe bocht. Foaral nei in reinbui is de dyk dêr sjippeglêd.
"We wonen hier nu 23 jaar", fertelt Franca Poutsma-Lombardi. "Dit is al de twaalfde of dertiende keer dat hier een auto in de voortuin staat. We hebben zelfs een keer een auto tegen de voorgevel van ons huis gehad. We voelen ons niet meer veilig in de tuin."

Total loss

Ofrûne woansdei wie it, nei in koarte reinbui, wer safier. In bestjoerster yn in wite bestelwein ferlear de macht oer it stjoer. By it ûngelok knalde har auto fol tsjin de parkearre nije scootmobyl fan Franca har soan Youri (22). De scootmobyl moast 'total loss' ôffierd wurde.
It lêste ûngelok fan dizze wike © Omrop Fryslân
"Ik siet achter de kompjûter en seach it gebeuren", seit Youri. "Ik gie nei bûten ta en doe't ik oankaam, seach ik myn scooter yn 'e prak."

Oplossing

De famylje is dwaande in crowdfundingsaksje op te setten foar in nije scootmobyl foar Youri. Franca is der nei it safolste ûngelok klear mei en wol dat de gemeente Noardeast-Fryslân mei in oplossing komt.
"Als het goed is, komt de gemeente maandag langs", fertelt se. "Dat is de eerste keer dat ze komen kijken. We hopen dat we eruit kunnen komen met de gemeente en dat er binnen korte termijn iets gaat gebeuren. Voordat er gewonden vallen, of erger."
Franca Poutsma-Lombardi fertelde yn Underweis oer de ûngelokken