Driuwend sinnepark by Oerterp oan 'e Feart kin lang om let sinnebaaie

Nei goed acht moannen is de oanlis fan in driuwend sinnepark mei goed 25.000 panielen by Oerterp oan 'e Feart klear. It bedriuw GroenLeven hat de panielen pleatst op de Libbe Gabriëlsplasse.
It driuwende sinnepark © GroenLeven
It driuwende sinnepark is tongersdei iepene troch gemeente Opsterlân en GroenLeven. De sinnepanielen moatte stroom foar goed 4.000 húshâldens opwekke. Foar GroenLeven is dit it fjirde sinnepark yn Opsterlân.
Wethâlder Anko Postma jout oan dat der yn 'e mande mei GroenLeven en it pleatslik belang fan Oerterp ta in goed plan kaam is. Opsterlân hat himsels ta doel steld om yn 2035 enerzjyneutraal te wêzen.
De Lippe Gabriëlsplasse doe't it sinnepark der noch net lei © GroenLeven
Yn it lânskip om it sinnepark hinne is in fruithôf oanlein. Ek hingje der kasten foar flearmuzen en fûgels. Foar rekreanten is der in nij kuierpaad oanlein, mei picknickplakken en in fûgelsjochskerm. Ek foar fisken en fiskers binne maatregels naam.
Blydskip oer it úteinsetten fan it park © GroenLeven
In pear jier lyn wie der noch wjerstân by omwenners. Yn 't earston soe it Spaanske bedriuw Univergy Solar sinnepanielen pleatse, mar oer harren plannen wie argewaasje. It doarp wie net tefreden oer de kommunikaasje en hie it gefoel dat it park der 'trochdrukt' waard, te'n koste fan de natuer.
Letter luts it Spaanske bedriuw him werom en naam GroenLeven it oer. GroenLeven hat ek al in driuwend sinnepark yn Nij Beets oanlein.