Ekstra útstjoering snein oer hillichferklearring Titus Brandsma

De Fryske pryster en oarlochsheld Titus Brandsma wurdt op snein 15 maaie hillich ferklearre. Nei oanlieding dêrfan stjoert Omrop Fryslân dy dei om 9.30 oere in ekstra programma, wêryn't ek live skeakele wurdt mei Rome.
Wiidweidich omtinken foar Titus Brandsma:
De ekstra útstjoering oer Titus Brandsma, dy't makke wurdt yn gearwurking mei KRO-NCRV, komt sneintemoarn live út De Tiid yn Boalsert wei. Presintator is Leo Fijen fan KRO-NCRV.
Yn it programma sitte fragminten oer Brandsma en Fryslân, komme reaksjes út Rome en prate gasten oer de betsjutting fan Brandsma. Dêrneist wurdt der live skeakele nei de eucharistyfiering yn de Sint-Pieterstsjerke yn Rome, wêr't paus Franciscus pater Brandsma hillich ferklearje sil.
Programmamakker Annet Huisman fan Omrop Fryslân is it hiele wykein yn Rome om ferslach te dwaan op radio en telefyzje.
Titus Brandsma (1881-1942) © Omrop Fryslân

Titus Brandsma

Pater Titus Brandsma waard yn 1881 berne yn Oegekleaster by Boalsert. Op 17-jierrige leeftiid kaam er by de kleasteroarder fan de karmeliten. Letter waard er pryster en sûnt de jierren 20 wie er ferbûn oan de Katolike Universiteit Nijmegen, earst as heechlearaar en letter as rektor magnifikus.
Yn 1982 waard oan Brandsma postúm it Fersetsbetinkingskrús takend. Trije jier letter besleat paus Johannes Paulus II him as marteler sillich te ferklearjen, de lêste stap nei in hillichferklearring.

Tsjerketsjinst

De wyklikse tsjerketsjinst by Omrop Fryslân wurdt yn ferbân mei de hillichferklearring fan Titus Brandsma net om 10.00 oere útstjoerd, mar om 12.00 oere. De tsjerketsjinst fan 15 maaie komt út de tsjerke fan Kollum wei.
It hillich ferklearjen fan Titus Brandsma is snein 15 maaie fan 9.30 oere ôf te sjen by Omrop Fryslân. Ek yn it radioprogramma Buro de Vries is snein tusken 11.00 en 12.00 oere omtinken foar Brandsma.