De toan fan Nelleke IJssennagger: "Himel en ierde"

"As in ymposant plafond draait wrâldbol Gaia rûn boppe de hollen fan de sprekkers. Sprekkers út polityk, wittenskip en keunst, dy't ûnder it keunstwurk fan Luke Jerram yn 'e mande mei skoalbern it wittenskipsfestival Expeditie Next, en dêrmei Arcadia, iepenen yn Frjentsjer. Eltsenien wie der efkes stil fan.
Nelleke IJssennagger © Omrop Fryslân
De lêste toan fan Nelleke IJssennagger
Dat der wat geande is en de kommende tiid geande wêze sil, kin gjinien ûntgien wêze. Himel en ierde wurde ferweegd om allerhanne kulturele eveneminten mooglik te meitsjen, en dêrmei omtinken te freegjen foar ús takomst.
It bringt sels beammen yn beweging, dy't as in griene slinger troch de stêd trochjûn wurdt en minsken oars nei harren stêd sjen litte.
Oars sjen nei de ierde en nei de takomst. Op de iepening fan Arcadia spruts Eva Rovers oer de astronauteblik, dy't derfoar soarget datst ynienen witst hoe kwetsber oft himel en ierde binne. Dêrom is it sa passend dat Gaia earst yn tsjerke te sjen is, foar it nei allegearre oare plakken yn de provinsje lûkt.
It gûnzet dêrby fan de langetermyntinkers, duorsume lânskipsperspektiven en fragen oer de wrâld dêr't wy yn libje wolle. In wrâld mei minder rommel en mear duorsumens.
No't saken digitaal binne, liket it miskien as hawwe we minder rommel en minder negative ympakt op de wrâld. Ommers, foar digitale dokuminten hoege gjin beammen om. Mar digitale rommel is like goed rommel. It ferstoppet de digitale ieren fan ús wrâld en fan ús systemen.
En hoewol't der foar in digitaal dokumint gjin beam om hoecht, betsjut dit net dat der gjin gefolgen binne. Dy binne der wol: ús digitale fuotprint.
Stel, do stjoerst gemiddeld 20 mails deis, dan is dyn fuotprint yn CO2 like grut as it riden fan 1000 kilometer mei de auto. Doe't in kollega my dat fertelde, wie ik efkes stil.
Sokke feiten litte my oars nei myn wurkgewoanten sjen. Dat it achteleas stjoeren fan in pear wurden in flugge 'ok', in 'hasto dat dokumint', it kostet allegearre enerzjy. Noch mear enerzjy kostet it as dy mails dêrnei yn dyn kompjûter sitten bliuwe. En dy ferstopje dan ek nochris dyn systeem, want wêr stie dy mail ek alwer...
It is dus hiel passend dat wy op de Fryske Akademy dizze wike digitaal oan it opromjen gien binne, om sa wat fan de oerstallige mails en bestannen oan te pakken. Wat hawwe wy echt nedich, wêr kin dat it bêste stean, en wat kin der dan wei? Wat wie miskien earder hiel belangryk en wolle wy wis bewarje as argyf?
Hoe kinne wy ús fuotprint ferlytsje en tagelyk ús ympakt fergrutsje? Dêrfoar is it soms nedich tiid te meitsjen om op 'e nij te sjen, en foaral om mei-inoar stil te stean en wat oan te pakken. Oft dit no de ynterne server is of de fraach fan de leefberens fan de takomst.
Sa no en dan moat men dus kieze en earne ôfskied fan nimme. Kinst net alles bewarje, hoe spitich dat ek is. En, ûnderfyn ik ek yn it drokke bestean, kinst net altyd alle aktiviteiten dwaan dy'tst wolle soest. Ek dêryn moatte je karren meitsje.
Foar my betsjut karren meitsje hjoed dat ik ôfskied nimme sil fan jimme. Nei yn 27 kollums mear as in healjier myn toan hearre litte te kinnen, is it tiid dat der wer in nije toan komt, in oar lûd.
Ik haw mei in soad wille dizze kollums makke en betankje jimme foar jim harkjend ear, lêzend each en moaie reaksjes. Oant sjen."