De natuer docht it wurk by 'regenerative lânbou'

Net gongber buorkje, ek net biologysk of natuerynklusyf, mar regeneratyf. Dat is wat in groep adviseurs, wêrûnder guon út Fryslân, útdraacht. By dizze foarm fan lânbou docht de natuer it wurk.
Regenerative lânbou hat de takomst, seit groep fan adviseurs:
Dat betsjut ûnder oare: gjin keunstdong en pestisiden mear, mar alles mei en foar de natuer en in sûne boaiem. De groep dy't foar de nije wize fan buorkjen stiet, ha harsels ferienige yn CO2L Farming.
John Huiberts, in bollekweker út Sint Maartensvlotbrug (Noard-Hollân), is ien fan de iennige boeren yn Nederlân dy't folslein op dizze wize wurket. Hy skeakele acht jier lyn oer nei in regenerative foarm fan kweken omdat it spoar fan de tradisjonele tulpetylt dearûn.
Adviseur Johannes Bakker fan CO2L Farming © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Hy hie te folle bestridingsmiddels nedich en syn grûn wie sa goed as dea. Troch in grûnkursus rekket er op it spoar fan de regenerative lânbou.
Als het zo doorgaat, kunnen we de vraag binnenkort niet meer aan.
John Huiberts, regeneratyf boer
Mar dat giet net fansels. "Ik ben hier acht jaar geleden mee begonnen. En de eerste jaren waren best moeilijk", fertelt Huiberts. "We hadden te weinig opbrengst en gebruikten ook de verkeerde soorten."
No giet it lykwols goed. "We hebben heel veel soorten waar insecten op vliegen en de afzetmarkt groeit heel snel omdat steeds meer gemeentes biologische bollen willen hebben. Als het zo doorgaat, kunnen we de vraag binnenkort niet meer aan."
Bollekweker John Huiberts © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Nei in finansjeel muoilike oanrin, wêrby't er by de omskeakeling gjin meiwurking krige fan de banken, giet it no goed en hellet er in goed ynkommen út syn bedriuw.

Gjin blêdlús

Huiberts brûkt hielendal gjin pestisiden of keunstdong mear. Kompost en oare 'bemesters' makket er sels út biologysk ôffal en ek út bygelyks brânnettels en beannen.
Ploege docht er net mear. Hy hat sels in masine útfûn dy't flak ûnder it oerflak it eventuele ûnkrûd ôfsnijt, mar net de grûn omdolt. Dêrmei sparret er it boaiemlibben dat essinsjeel is foar it sukses fan syn oanpak.
De boaiem hat no in folle heger gehalte oan organyske stof en dat betsjut dat de grûn folle mear wetter opnimme kin en fêsthâldt. Dat hat foardielen yn drûge en yn wiete tiden.
In foarbyld fan regenerative lânbou © Omrop Fryslân
Fierder is it boaiemlibben bot ferbettere mei sûne skimmels en baktearjes en planten dy't folle better woartelje.
De bestriding fan sykten en ûnkrûd fynt plak troch it trochelkoar plantsjen fan allerhanne gewaaksen dy't inoar fersterkje - Huiberts kweekt mar leafst 160 soarten op syn bedriuw - en troch ynsekten dy't manmachtich op syn bedriuw oanwêzich binne. Huiberts hat bygelyks gjin lêst fan blêdlús, omdat de leavehearsbistkes dêrmei rêde.

"Te moeilijk"

Nettsjinsteande syn sukses begrypt Huiberts wol wêrom't in soad boeren de oerstap nei dizze foarm fan lânbou net doare te meitsjen. "Het is te moeilijk voor de meeste boeren. Als je gangbaar bent, komt de chemieverkoper langs en de kunstmestverkoper en die geven je adviezen. Als je dat niet meer gebruikt, ben je niet interessant en moet je alles zelf doen. Dus ook alles wat fout gaat is je eigen schuld. Dat is lastig en veel boeren vinden dat te onzeker."

Elk bedriuw syn eigen oanpak

De Fryske adviseur fan CO2L Farming, Johannes Bakker, tinkt dat regenerative lânbou in goeie takomst hat. Hielendal no't de sektor sa ûnder in fergrutglês leit fan de polityk fanwegen in te hege stikstof- en CO2-útstjit en oare problemen, lykas in weromrinnend bioferskaat yn de boaiem.
Grutste stroffelstien is neffens him dat elk bedriuw syn eigen oanpak nedich hat. En dat is dreech. "Dêr besykje wy advys by te jaan en dan is it úteinlik net sa dreech", seit er.
Bakker tinkt dat dizze wize fan buorkjen yn alle sektoaren fan de lânbou mooglik is. "As it yn de bollekwekerij kin, de meast giftige sektor fan allegearre, dan kin it oeral."
In wiidweidige reportaazje oer regenerative lânbou is te hearren op 29 maaie yn it radioprogramma Buro de Vries.