NHL Stenden wint 800.000 euro mei wedstriid fan ministearje

Hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert krijt 800.000 euro fan it ministearje fan Underwiis foar it projekt Inclusive Community Lab. It jildbedrach heart by de Nederlandse Onderwijspremie, in priis fan it ministearje foar fernijend ûnderwiis.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Mei it Inclusive Community Lab docht NHL Stenden ûndersyk nei earmoed en wurket de hegeskoalle oan oplossingen om earmoed te bestriden. Dêryn wurket NHL Stenden gear mei minsken dy't ûnderfining ha mei earmoed of dy't der by harren wurk mei te krijen hawwe.
Yn it 'lab' wurkje studinten fan ferskate opliedingen mei-inoar gear. Dat dogge se net op de hegeskoalle sels, mar yn de Ljouwerter wyk Huzum-West. "Dat hawwe we ekspres dien omdat we dan it gefoel hawwe dat we echt by de minsken sels sitte. Dat is ek wichtich foar it ûndersyk", seit koördinator Gerben Dijkstra.
Neffens minister Robbert Dijkgraaf, dy't yn de sjuery siet, makket de skoalle dêrmei in grutte maatskiplike impact.

Ynvestearje

De hegeskoalle makke sels kâns op 1,2 miljoen euro, mar dy priis gie nei Hegeskoalle Fontys yn Eindhoven.
De studinten fan de NHL moasten oan de sjuery presintearje wat it lab presys ynhâldt en moast it se ek belibje litte. Dat is se dus goed slagge en dêr is ien fan dy studinten, Jelger van der Meulen, tige bliid mei: "Twadde is fansels hartstikke moai. Je kinne moai ynvestearje mei it jild dat we krije. Dus it kin allinnich noch mar ferbetterje eins."
Mei it jild hoopje se op de NHL it lab no útwreidzje te kinnen. "We hawwe no genôch om meardere partijen derby te belûken en bredere fraachstikken te pakken. En miskien wolle je noch wol mear opliedingen derby belûke. Alles kin eins no", seit Van der Meulen.
Yn Underweis prate presintator Eric Ennema mei Gerben Dijkstra en Jelger van der Meulen