Winkels yn Surhústerfean aansten wer ticht op sneintemoarn: "Unbegryplik"

Op sneintemoarn om boadskippen yn Surhústerfean is ynkoarten net mear mooglik. Sûnt de coronapandemy meie ûndernimmers op snein langer iepen, om de drokte te sprieden. Mar de gemeente Achtkarspelen draait dy ferromming fan de winkeltiden no werom.
Net elkenien hat begryp foar de feroaring:
De winkels yn Surhústerfean meie op snein offisjeel tusken 09.00 oere en 18.00 oere harren doarren iepenje. De measte grutte supermerken binne tusken 10.00 oere en 18.00 oere iepen. De ûndernimmers yn Surhústerfean krigen ferline moanne in brief fan de gemeente, dêr't yn stiet dat de winkeliepenstelling op snein weromdraaid wurdt nei 13.00 oere oant 18.00 oere.
Dat is gjin goed idee, fynt foarsitter Abbe Borger fan Handel & Industrie Surhústerfean. "Door corona is het aankoopgedrag van de mensen veranderd. De omzetontwikkeling op zondag is zeer positief en daarnaast versterkt een vroegere openstelling de horeca. Ook voor onze concurrentiepositie ten opzichte van Drachten en Burgum is het goed als we deze tijden behouden."
© Omrop Fryslân, Mats Gies
Neffens de gemeente is it logysk dat de ferromming fan de winkeltiden no nei de coronaperioade wer ferfalt. Achtkarspelen hat him te hâlden oan it winkeltidebeslút. "De iennige mooglikheid om it te feroarjen en de winkeltiden oan te hâlden, is in fersyk fan de ried om it winkeltidebeslút wer te agindearjen", neffens wethâlder Harjan Bruining.

"Unbegryplik"

It winkeljend publyk yn Surhústerfean reagearre ferdield op de oankommende feroaring fan de winkeltiden. "De ûndernimmer, de klanten en it personiel binne der no oan wend. Ik fyn it ûnbegryplik dat it no aansten ynienen net mear kin", sa fertelde in ynwenner fan Surhústerfean. Foar in oar wie it lykwols gjin probleem: "It soe bêst wat koarter kinne, dat makket dochs neat út."
De ûndernimmers yn Surhústerfean ha harren hoop fêstige op de earstfolgjende riedsgearkomste, begjin juny.
© Omrop Fryslân, Mats Gies