Prosesregisseur boubedriuw: "Grienere wiken soargje foar lokkigere minsken"

In griene wenwyk is goed foar de mentale sûnens. Dat stelt Bartele Boersma. Hy wurket foar boubedriuw Lont as prosesregisseur en hâldt him dwaande mei fergriening.
Boersma sjocht op it Vliet yn Ljouwert noch genôch ferbetterpunten:
Nei oanlieding fan it projekt Bosk is der yn Ljouwert diskusje ûntstien oer wêr't de beammen in tydlik plak krije. Se bliuwe benammen yn it sintrum en komme net yn de bûtenwiken.
En dat wie wol it orizjinele plan fan betinker Joop Mulder. Syn idee wie om mei Bosk de wiken yn de Fryske haadstêd te ferbinen en te ferbetterjen. Dat wie neffens him by LF2018 te min bard.

Better neitinke oer ynrjochting wenwiken

Dat der no diskusje is, is goed, tinkt Boersma. Hy fynt dat der better neitocht wurde moat oer de ynrjochting fan de wiken. Dat is wêr't hy him by syn wurkjouwer, boubedriuw Lont yn Sint-Anne, mei dwaande hâldt.
"Wy sjogge by alle projekten hiel goed nei de leefomjouwing. Hoe rjochtsje je dat grien yn en hoe kinne bewenners inoar dêr moetsje? We brûke de saneamde kleurfilosofy, in boustrategy dy't him rjochtet op wat der bart om in wenning hinne en hoe minsken dêr langer, sûner en lokkiger wenje kinne."
Bosk by it Sintraal Stasjon yn Ljouwert yn it iepeningswykein © ANP
It binne benammen efterstânswiken dêr't iepenbier grien ûntbrekt. Yn Ljouwert is dat bygelyks de Vlietsône. Boersma: "Dizze buert is ynrjochte foar de auto. Der binne ek kwalik boartersplakken yn it grien."
As der gjin each is foar de minsklike maat yn de wyk, is dat neffens Boersma in probleem. "Minsken komme dan net nei bûten ta en moetsje inoar ek net. Ek út duorsumensperspektyf is grien in goede ynvestearring. Wurdt it waarm, dan is der minder skaad en krije minsken earder hjittestress."
Just yn de Vlietzone hienen se graach it projekt Bosk sjoen. It idee is loslitten om't it neffens de organisaasje hast net te dwaan is om sa'n ein te rinnen mei de beammen. Boppedat is de ferkearsfeiligens in probleem, liet de gemeente Ljouwert witte.
As bedriuw fine wy dat je folle breder sjen moatte as de wenning. In wyk moat der 100 jier stean kinne.
Bartele Boersma fan boubedriuw Lont
Dat der sa posityf reagearre wurdt op Bosk is in goed teken, fynt Boersma. "As bedriuw fine wy dat je folle breder sjen moatte as de wenning. In wyk moat der 100 jier stean kinne. Bosk smyt no op dat minsken it sjogge en sizze fan: 'No is it hjir en wolle we it hâlde ek'. Dat is goed."
Alle beammen fan Bosk wurde werplante yn de wiken fan Ljouwert, is de bedoeling fan organisator Arcadia.