Muzikant Ronnie Pietersma kin der wer tsjinoan nei mentale wrakselingen

Muzikant en âld-klupeigener Ronnie Pietersma sjocht op in positive wize nei it libben. Hy siet 4 moannen yn de finzenis, mar ek dêr hat hy gjin minne oantinkens oan.
Syn hiele libben stiet yn it teken fan de muzyk. Sa spile er yn Ubangi 4 en The 3 Farmer Boys en makket er no radio by lokale omrop LEO Middelsé.

Klap fan de mûne

Pietersma groeide op yn Frjentsjer. Syn heit hie der in geheime stjoerder, dêr't in soad folksmuzyk draaid waard. Op syn njoggende kaam er sa yn oanrekking mei it lûd fan in kontrabas. "Dat fûn ik geweldich." Ek learde hy yn dy jierren de muzyk fan Elvis Presley kennen. "Doe ha ik echt in klap fan de mûne krigen, Elvis betsjutte alles foar my."
Ronnie krige de âlde gitaar fan syn mem en learde himsels spyljen. "Doe't ik 14 wie, gie ik altyd nei de Koornbeurs yn Frjentsjer en dêr trof ik Klaas Ploeg, in jonge muzikant. We wienen beide ferslein fan Shakey Sam."

Earste band

Mei Klaas Ploeg begjint er dan in bluesband, dêr't Ronnie echt goed spyljen leart. "Se joegen my alle romte om mysels te ûntwikkeljen."
Yn Noardewyn, op moandeis oant en mei freeds te beharkjen fan 18.00 oant 19.00 oere, hat presintator Willem de Vries omtinken foar de Fryske popmuzyk. Geregeld binne bekende artysten te gast en wurde live optredens jûn.
Doe't Ronnie mei syn freon Klaas nei in konsert yn Grins gie, moete hy Leo van der Rol, dy't krekt as Ronnie graach in Rockabillyband begjinne woe. Se sochten der noch twa leden by. Dit waarden Leo de Blaauw en Bert Kelly en sa ûntstie Ubangi 4.
"Doe't Bert derby kaam, gie it los. Fan it earste momint ôf gie it geweldich: 120 optredens yn it jier." Nei 12 jier hâldt Ubangi 4 dermei op en hâlde se in ôfskiedskonsert yn teäter Schaaf foar 900 minsken. "It wie klear. Nei 12 jier wie it gewoan op."

The Three Farmer Boys

De band dêr't Ronnie jierren ûnderdiel fan west hat, ûntstie yn de Ierske Pub. Ronnie krige in oanfraach foar in optreden. Dêr stie hy mei 2 oare muzikanten. It klikte sa goed dat se besleaten de formaasje oan te hâlden. "As wy yn de Rânestêd spilen, seinen minsken faak: 'Dêr hawwe je dy boeren wer'. Sa is de namme ûntstien: The Three Farmer Boys."
Ronnie Pietersma oer ûnderlinge striid yn bands
The Three Farmer Boys moasten twongen ophâlde om't der in probleem mei de ynkomstebelesting ûntstien wie. "De gitarist is doe fluch fuortgien, mar mei de bassist spylje ik noch wolris."

De finzenis

Troch it probleem mei de ynkomstebelesting moast Pietersma 4 moanne de sel yn. Hy siet yn de Marwei yn Ljouwert. "De wei derhinne wie swier om't ik net wist wêr't ik oan ta wie."
Ienkear dêr wie hy gau wend en foel it him hiel bot ta. Hy paste him oan en learde de minsken yn 'e finzenis goed kennen. "Fan de ferhalen fan de minsken dêr krige ik triennen yn myn eagen. Ik koe it mei elkenien fine. Troch de eftergrûn fan minsken kennen te learen, begryp ik no wol wêrom't guon minsken de saken sjogge sa't se it sjogge."
Ronnie oer syn tiid yn de finzenis
Doe't Pietersma wer frijkaam moast hy wer efkes wenne oan de maatskippij en rekke er oerspannen om't hy alles te gau oppakte. Boppedat spile der in jierrenlange ûnienichheid mei de gemeente Ljouwert. Uteinlik kaam it goed en wûn hy de rjochtsaak fan de gemeente.

Radio LEO

Hy makket noch alle wiken radio by de regionale omrop LEO Middelsé. "Alle wiken twa oerkes: it earste oere mei Roots Muzyk en it twadde oere stiet yn it teken fan Studio Sun." Pietersma docht dit mei in soad wille. Dêrnjonken helpt hy as technikus by oare programma's by de stjoerder.

Nije band

Ronnie wol wer in nije band begjinne en is hoopfol oer de takomst. Hy hopet noch lang troch te gean. "As ik ferstjer, hoopje ik dat ik it op it poadium bart. Dat soe it moaiste wêze, mar dat is ôfwachtsjen." Wy kinne noch in soad muzyk ferwachtsje fan Ronnie de kommende tiid: "Myn holle sit kontinu fol mei nije ideeën."

De kar fan Ronnie

Artyst Nûmer
Ray Collins Barefoot
Amy Griffin 12th Street Rag
Ralph Nielsen Scream