Centrum Seksueel Geweld Fryslân hat soargen oer lege tal mannen dat help siket

Manlike slachtoffers fan seksueel geweld melde harren noch te min. Dat meldt it Centrum Seksueel Geweld Fryslân.
© ANP
Yn 2021 holp it sintrum 163 slachtoffers fan seksueel geweld. Dêrfan sieten der 67 yn de saneamde akute faze. Dat betsjut dat se harren binnen sân dagen nei it ynsidint meld hawwe.

Protte minderjierrigen

Yn 2020 sochten der noch 150 minsken help by it CSG. It sintrum meldt dat 43 prosint fan de slachtoffers fan de akute faze yn 2021 minderjierrich wie. 40 persint hie alris earder seksueel geweld meimakke. Yn twa tredde fan de gefallen wie de dieder in bekende.
Neffens it CSG falt it op dat mannen harren folle minder melde by it sintrum. Koördinator Gerda de Groot hat wol in idee wêrtroch't dat komt. "Mannen die seksueel geweld meemaken, ervaren daardoor meer schaamte en schuldgevoelens dan vrouwelijke slachtoffers. Dat maakt het moeilijk voor hen om hulp te zoeken."
Weet dat wij er zijn om jullie te helpen.
Gerda de Groot, koördinator Centrum Seksueel Geweld Fryslân
De Groot tinkt dat der ek noch wat oars meispilet: "Tijdens het misbruik krijgen veel mannen een erectie en komen klaar. Dat zegt helemaal niets over opwinding of toestemming. Zoiets kan grote vragen oproepen. Vond ik het dan tóch lekker? Wilde ik het dan wél?"
It sintrum makket him soargen oer it lege oantal mannen dat help siket. "We hopen hier verandering in te brengen door vanuit het Centrum Seksueel Geweld meer richting de mannelijke slachtoffers te communiceren: we weten dat jullie er zijn, weet dat wij er zijn om jullie te helpen", seit De Groot.