Sa fiere wy 20 jier HEA!

© Omrop Fryslân
Kom fierder mei HEA! by Omrop Fryslân. Mei ferhalen dy't we graach foar jimme meitsje. Ferhalen fan en mei Friezen dy't alle dagen foarby komme op radio, telefyzje en online.
It is dit jier alwer 20 jier lyn dat de earste HEA! útstjoerd waard by Omrop Fryslân. In jubileum dêr't Omrop Fryslân fansels ekstra by stil stiet. Kwoots út in tal moaie HEA! ferhalen hast miskien dizze dagen al foarbykommen sjoen yn de provinsje.
Mar watfoar ferhaal hinget der eins oan dy kwoots?
'Alles bloeit nag hoor, wat dinkstou dan'
Yn de stamkroech fan Sint-Anne sjongt, dûnset en flirt Rennie Botma der alle wykeinen op los. Mei har 79 jier, is se de âldste stapper fan It Bilt.
In reportaazje mei Rennie Botma
'Lekker, lekker, lekker'
Jolke Nijenhuis is de baas fan Café Spaltenbrêge in Terwispel. In bysûndere kroechbaas, mei somtiden ek bysûndere klanten. Dat leveret fansels ek bysûndere ferhalen op.
In reportaazje mei kroechbaas Jolke
'Se meitsje de hiele seadde stikken'
Mollen binne net feilich by Bennie. De boeren binne bliid mei it wurk fan de mollefanger, want mollen 'meitsje de hiele seadde stikken', seit Bennie. De deade mollen wienen moai boartersguod foar de hûn Thirza.
In reportaazje mei Bennie
'Goeie! Wat binne jo oan it dwaan?'
De fanatike HEA! sjoggers komt it miskien wol bekend foar. Tal fan reportaazjes wurdt begûn mei de útspraak 'Goeie, wat binne jo oan it dwaan?'. Ien fan de meast bekende reportaazjes dêr't de útspraak mei begint is dy fan de lêste fytser.
De bekende 'Goeie, wat binne jo oan it dwaan?'
Yntusken is HEA! ien fan de langstrinnende programma's by de regionale omroppen mei de heechste wurdearring. Dit jier is der in soad omtinken foar it jubileum fan HEA!, mei spesjale útstjoeringen, moaie fragminten en in echt HEA! feest.