Unesco-status Koloniën van Weldadigheid ûnder druk by nije gaswinning

De Unesco-wrâlderfgoedstatus fan de Koloniën van Weldadigheid yn Fryslân en Drinte stiet ûnder druk troch mooglike nije gaswinning yn it gebiet.
Koloniën van Weldadigheid yn Frederiksoard © Koloniën van Weldadigheid
Dat docht bliken út in rapport dat ferskynd is en dêr't RTV Drenthe oer skriuwt.
Vermilion Energy wol yn de gemeenten Westerveld en Weststellingwerf mear gas winne. Dêr rint no in fergunningsoanfraach foar. It ministearje fan Ekonomyske Saken moat dêroer de knoop trochhakje yn it Unesco-gebiet en dêrby spylje meardere belangen.
De Koloniën van Weldadigheid lizze foar it grutste part yn Drinte, mar ek de Oostvierdeparten by Noardwâlde hearre derby. Fierder lizze der noch koloanjes yn België.
De koloanjes waarden yn 1818 opset as sosjaal eksperimint om de earmoede te bestriden. Minsken moasten der wurkje, en dan krigen de bern in oplieding.
Yn ferskate ûndersiken is sjoen nei de njoggen mooglike boarlokaasjes yn de gemeenten Westerveld en Weststellingwerf. Dêrby binne meardere tema's beljochte, lykas de wrâlderfgoedstatus.
In ympresje fan koloanje Frederiksoord yn 1818. Sa leine de Vierdeparten der ek by. © Rijksmuseum
Ut ûndersyk docht bliken dat foar alle njoggen mooglike boarlokaasjes in beswier is. Net allinnich de wrâlderfgoedstatus is in beswier tsjin de gaswinning; der libje ek beskerme bisten by de mooglike boarlokaasjes en dêrneist is it archeologysk in weardefol gebiet. Boppedat past ek kultuerhistoarysk sjoen gaswinning net oeral.
In mooglike boarlokaasje yn Vledderveen (Drinte) hat in 'ontoelaatbaar groot effect' op it wrâlderfgoed, stiet yn it rapport. "De inschatting is dat deze ontwikkelingen voor Unesco in principe niet te rechtvaardigen zijn binnen het werelderfgoed, zeker wanneer andere opties beschikbaar zijn."
It gebeurt net faak dat Unesco de Wrâlderfgoedstatus ynlûkt. Yn totaal is dat trije kear bard.
En ferline jier waard it Nederlânske regear warskôge troch Unesco, fanwege plannen om gas te winnen ûnder de Waadsee by Ternaard.
By de gefolgen fan gaswinning foar it Unesco-gebiet giet it ûnder mear oer de rjochthoekige struktueren fan it lânskip fan de Koloniën. Dêrta hearre ek de (ûnferhurde) wegen mei beammen oan beide kanten. Dat wurdt troch de Koloniën sels neamd as ien fan de wichtichste skaaimerken fan it gebiet.
De gaswinlokaasje dêr't no in 'grut risiko' foar ôfjûn is, leit oan sa'n ûnferhurde dyk mei beammen oan beide kanten en útsicht op it koloanjelânskip. As der gaswinning komt yn Vledderveen, dan moatte beammen kapt wurde.
Goed te sjen út de loft: de rjochte diken mei beammen dy't op elkoar útkomme, yn Wilhelminaoord © Miranda Drenth
"Een aanzienlijk gedeelte van de laan komt niet meer vrij in het landschap te liggen. Daarmee verdwijnt ook het uitzicht vanuit de laan op het landschap", stiet yn it rapport. Boppedat soe der in boarynstallaasje yn it lânskip komme.
Nei it ûndersyk bliuwe der trije lokaasjes oer yn it gebiet dy't skea tabringe oan it wrâlderfgoed. Dy opsjes ha lykwols oare kanttekeningen: se lizze te ticht by stikstofgefoelich terrein, der libje beskerme biste- of plantesoarten of se binne oanwiisd as kultuerhistoarysk en archeologysk wichtich.

Reaksje Vermilion

Hidde Baars fan Vermillion Energy is net fernuvere oer de útkomsten fan it ûndersyk. "Als je gaat zoeken naar mogelijke mijnbouwlocaties, dan stuit je altijd op restricties. Vanwege bepaalde beperkingen die gelden blijft er heel weinig over."
"Natuurlijk heeft zo'n locatie impact. Er spelen verschillende belangen. Het belang van Unesco is duidelijk. Wij zeggen: dat valt allemaal wel mee; in de realiteit zal er niet zoveel veranderen. Gaswinning kon voor de Unesco-status in dit gebied óók."
Baars seit dat Vermilion mei alle partijen troch ien doar wol. "We doen het zorgvuldig en praten met iedereen. We gaan er keurig uit komen. Vroeger kregen we vaak de vraag: waarom winnen we nog gas? In deze tijd rondom de perikelen in Rusland hoeven we dat belang niet uit te leggen."

Ministearje oan set

No moat it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat beslute oft it wol of gjin tastimming jout foar de gaswinning. Ferskate gemeenten ha al brieven stjoerd om de proseduere stop te setten. Nei de simmer komt it beslút fan minister Vijlbrief.