Eveneminten komme ûnder druk te stean; der binne te min befeiligers

Grutte en middelgrutte eveneminten kinne de kommende simmer bot ûnder druk komme te stean, om't de befeiliging net rûn te krijen is.
De Snitswike © ANP
Befeiligingsbedriuwen wrakselje mei in grut tekoart oan personiel. Hans Nieuwenhuis fan Security Noord seit dat bygelyks de Snitswike wolris problemen krije kin mei it regeljen fan genôch befeiligers. Mar ek eveneminten as de Tall Ships Races en de PC sille it dreech krije mei it rûn krijen fan de befeiliging, is de ferwachting fan Nieuwenhuis.

Oar wurk yn coronatiid

Yn coronatiid hawwe in soad minsken dy't yn de befeiliging wurken in oare baan socht omdat se net mear ynset wurde koene by eveneminten.
Dizze minsken binne net werom kaam. By it bedriuw fan Nieuwenhuis krije se de oanfragen noch krekt rûn, mar hy wachtet mei spanning op de simmer. Neffens him sil it der miskien wol op delkomme kinne dat guon eveneminten ôflast wurde moatte.
Hans Nieuwenhuis
Der binne ek mear oanfragen as foar de coronaperioade. Hoe't dat kin, wit de befeiliger net, mar wol dat de fraach en oanbod net mear op mekoar oanslute.

Hegere easken

De oerheid soe in rol spylje kinne yn in oplossing foar dizze tekoarten. De easken foar eveneminten binne folle heger as eartiids. Minder befeiliging is neffens Nieuwenhuis lykwols net realistysk. "De tiden binne oars as 15 jier lyn. Der is in soad geweld by bygelyks tintefeesten."
Wol soene gemeenten soepeler omgean kinne mei wa't befeiligingsbedriuwen ynhiere mei. Befeiligers moatte oan in soad easken foldwaan, mar dat soe wol wat soepeler kinne fynt Nieuwenhuis. Dan kinne je mear minsken ynsette op frijwillige basis of as betelle krêft seit er.