Ekspert saak-Kooistra fergoede

It gerjochtshôf yn Ljouwert hat besletten dat it ryk de kosten fan medysk saakkundige Spendlove yn de moardsaak Niels Kooistra wol betelje moat. Spendlove waard ynskeakele troch de advokaat fan de fertochte. Justysje wegere oant no ta om de kosten te fergoedzjen.
It gerjochtshôf is it mei advokaat Tsjalling van der Goot iens dat Spendlove it belang fan it ûndersyk tsjinne hat. Van der Goot is tige wiis mei de útspraak, omdat dy befestiget dat ek de ferdigening in saakkundige ynskeakelje kin yn in rjochtsaak.
As soks net fergoede wurdt, dan soe dat betsjutte dat yn 'e takomst allinnich rikere fertochten soks dwaan kinne. Je krije dan gjin earlik proses, omdat it iepenbier ministearje wol altiten de mooglikheid hat om in saakkundige yn te skeakeljen.
Niels Kooistra kaam yn de simmer fan 2008 om it libben as gefolch fan ferskate stekken mei in priem. De fertochte, in ynwenner fan Ljouwert, waard yn 2011 troch it gerjochtshôf feroardiele ta in selstraf fan tsien jier.