Fraude by diere-ambulânse

Twa eardere bestjoersleden fan de diere-ambulânse yn Ljouwert wurde fertocht fan de stellerij fan tûzenen euro's fan de organisaasje. De fraude kaam oan it ljocht doe't it nije bestjoer de administraasje fan de ôfrûne jierren bywurke. Dêr die út bliken dat yn 2010, 2011 en it begjin fan 2012 tsientûzenen euro's weiwurden binne.
De stifting achter de diere-ambulânse hat oanjefte dien tsjin de twa âld-bestjoersleden. De organisaasje sil besykje it jild fan harren werom te krijen.