Bouwmeester bliuwt tredde

31 jul 2012 - 15:38

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten stiet nei de tredde race yn de Laser Radial noch hieltyd op it tredde plak. Bouwmeester einige yn de tredde race as fjirde en hat no 13 strafpunten.

Annalise Murphy út Ierlân wûn har tredde race op rige. Sy bliuwt fier oan kop mei mar 3 strafpunten. De Belgise Evi van Acker is twadde mei 8 strafpunten. De sylsters komme fan 'e middei noch in kear yn aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)