Dumpen ôffal stranger oanpakt

Steatsboskbehear yn Súd-Fryslân nimt maatregels tsjin it weismiten fan ôffal yn de natuer. Der is wol foarljochting, tafersjoch en kampanjes, mar minsken gean dêr gewoan mei troch. Benammen fan gft-ôffal lykje minsken te tinken dat it wol yn de natuer kin, om't it dochs grien is.
It kostet Steatsboskbehear alle jierren in soad jild om it ôffal op te rêden. Dêr wolle se no wat oan dwaan. Yn Súd-Fryslân wurde de kommende tiid twa man op plakken ôfstjoerd dêr't dumpt is. Doel dêrfan is om de dieders gauwer te finen.