Wetterdruk bliuwt leech

31 jul 2012 - 11:21

Ynwenners fan Súdwest-Fryslân hawwe de kommende dagen noch lêst fan minder druk op de wetterliedings. Moandei ûntstie by Sleat in breuk yn de haadlieding. Dêrtroch hiene bewenners fan doarpen yn de omkriten fan Balk en Sleat gjin wetter.

It lek is fannacht makke, mar de lieding is noch net yn gebrûk naam. Drinkwetterbedriuw Vitens wol earst de kwaliteit ûndersykje. Dat kin noch oant 2 augustus duorje. Dêrom is de wetterdruk no minder. It wetter kin ek brún wêze fan dieltsjes izer. Dat kin neffens Vitens gjin kwea foar de folkssûnens.

Trefwurden: 
Vitens wetterdruk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)