Ynbraken yn Wolvegea

Ynbraak © Omrop Fryslân
Unbekenden hawwe moandeitenacht yn Wolvegea fjouwer kear besocht yn te brekken. Yn twa wenningen oan it Suderpark slaggen dat de ynbrekkers, by twa huzen oan de Spoarleane mislearre it om't se trapearre waarden en útnaaiden.
Ut buertûndersyk die bliken dat ferskate bewenners manlju yn in griene bestelbus riden sjoen hiene. Neffens de tsjûgen hiene de ynsittenden in soad belangstelling foar wat yn de huzen stie.