Siler Postma docht goed mei

30 jul 2012 - 18:00

Siler Pieter-Jan Postma út Terkaple hat hjoed goeie saken dien op de Olympyske Spelen yn de Finn-klasse. Hy einige yn de lêste race as fjirde en komt dêrmei yn it algemien klassemint op in fiifde plak. De nûmers trije oant en mei seis hawwe allegeare 22 punten.

It gat mei de nûmer ien, de Deen Jonas Hogh-Christensen is wol grut: 11 punten. Postma moat moarn alwer oan de bak, foar race fiif en seis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)