Undersyk nei ledeblêd KNKB

25 nov 2011 - 07:28

It keatsbûn KNKB beriedt him oer hoe't it fierder moat mei it ledeblêd Wis in. It kluporgaan ferliest abonnees. Dat komt troch natuerlik ferrin en trochdat jongeren gjin abonnemint nimme. Dy helje it keatsnijs fan ynternet of de sosjale media. It sjucht der net nei út dat de KNKB fuortendaliks ophâldt mei it blêd. Want it smyt noch altiten jild op. Mooglik dat it minder faak útkomt as no it gefal is. De Wis in ferskynt no alle moannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)