Britske akkudieven oppakt

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
De plysje hat moandei in tal Britske dieven oppakt yn Zwolle. De fertochten hiene earder op 'e dei akkús stellen by in bedriuw op It Hearrenfean. Meiwurkers fan it bedriuw oan de Venus seagen in bestelbuske mei Ingelsk kenteken op it hiem stean en kamen derachter dat der akkús misten. Se bellen dêrom de plysje. Dy sette boargernet yn om de fertochten op te spoaren.
In tsjûge herkende it kenteken en seach de fertochten yn de rjochting fan Zwolle riden. Dêr koene se letter troch de plysje oanhâlden wurde.