Bouwmeester op tredde plak

30 jul 2012 - 15:10

Sylster Marit Bouwmeester stiet nei de earste racedei op de Olympyske Spelen yn de Laser Radial klasse op in tredde plak. De wrâldkampioene fan 2011 begûn mei in sechsde plak op it wetter by Weymouth en kaam yn de twadde race as tredde oer de finish. Annalise Murphy fan Ierlân wûn de twa regatta's, en stiet oan kop yn it klassemint. Evi van Acker fan België stiet twadde.

Tiisdei moat Bouwmeester opnij oan de bak. Dan stean der wer twa races op it program.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)