Grutte twaspjalt yn De Himrik

Der is grutte twaspjalt yn De Himrik oer de ynfulling fan de eardere skoalle yn it doarp. Der binne plannen foar de realisaasje fan 13 apparteminten foar minsken mei in ferstanlike beheining, mar omwenners binne benaud foar oerlêst en problemen.
Dat hawwe se witte litten mei posters en spandoeken. Dat soarge foar yrritaasje by oare ynwenners fan it doarp. Tongersdeitejûn wie der in ynformaasjegearkomste en dêr wie in soad spanning te fielen. De gemeente hat noch gjin beslút naam oer wat der yn de skoalle komt.