Europeesk Parlemint stimt oer ferbod op nije auto's mei benzine- of diselmotor

Foar de Fryske Europarlemintariër Jan Huitema út Makkingea wie it woansdei in spannende dei. Yn in earste stimming hat de miljeukommisje mei in lytse mearderheid foar it plan stimd om gjin nije auto's mei in benzine- of diselmotor te ferkeapjen fan 2035 ôf. Yn juny komt der in nije stimming oer it plan
Jan Huitema © Omrop Fryslân
Huitema hat it plan yntsjinne by it Europeesk Parlemint. De kommisje miljeu en sûnens fan it Europeesk Parlemint stimde yn Brussel oer it foarstel om de CO2-emissynoarmen foar nije persoane-auto's en lytsere bedriuwsauto's bot oan te skerpjen, sadat se passe yn de Europeeske ambysjes om de CO2-útstjit mei mar leafst 55% te beheinen.
It foarstel fan Huitema komt der op del dat mei yngong fan 2035 yn de Europeeske Uny gjin nije auto's mear ferkocht wurde meie mei in fersmoargjende benzine- of diselmotor.

Diel fan yndustry hat der muoite mei

"De yndustry sil dus ynvestearje moatte yn de produksje fan elektryske auto's of auto's op wetterstof. In diel fan de yndustry hat dêr muoite mei. It is mar krekt mei wa't je prate; VW en Mercedes sette al folop yn op elektryske auto's, mar BMW is sa fier noch net", fertelt Huitema.
Jan Huitema oer de stipe foar syn foarstel
As rapporteur út namme fan it parlemint hat Huitema de ôfrûne tiid dy tsjinkrêften wol ûnderfûn. Net allinnich in part fan de auto-yndustry hat muoite mei syn foarstel, mar ek foar oaljemaatskippijen feroaret de wrâld as it Europeeske weinpark elektrysk wurdt.
"It hinget echt op in pear stimmen oft der in mearderheid wêze sil foar myn rapport", fertelt Huitema oer de wjerstân tsjin syn foarstel.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Huitema hopet mei syn foarstel te berikken dat elektryske auto's folle goedkeaper wurde en dat der ek in merk ûntstiet foar twaddehâns elektryske auto's, sadat it keapjen fan sa'n auto foar folle mear minsken mooglik wurdt.
It foldocht poerbêst, ik wol noait wer oars.
Jan Huitema
De Fryske boeresoan hat der sels lang tsjinoan skytskoarre, foardat er oerstapte op in elektryske auto, mar is no hielendal om. "Ik moat faak lange einen ride, mar ûnderweis nei Straatsburch - 650 kilometer fierderop - hoech ik mar ien kear op te laden. De auto is al faak wer klear, foardat ik myn kofje en broadsje op ha. It foldocht poerbêst, ik wol noait wer oars."

Elektrysk is goedkeaper

De liberaal Huitema wiist der op dat mei de brânstofprizen fan no elektrysk autoride foar it earst oantoanber goedkeaper is as ride mei in benzine- of diselmotor.
De VVD'er ûnderstreket dat autoriders net ferplichte wurde om auto's mei in tradisjonele brânstofmotor nei de sloop te bringen. "Minsken kinne gewoan trochride yn de auto dy't se hawwe. Wat ik wol, is elektrysk autoride goedkeaper en oantrekliker meitsje foar de minsken, sadat it ek berikber wurdt foar minsken mei in wat smellere beurs op it Fryske plattelân."