Nij ûnderkommen foar pjutten

24 nov 2011 - 20:56

Pjutteboartersplak 'De Wâldpykjes' op De Harkema krijt lang om let in nij ûnderkommen. De gemeente sil hjirfoar in part fan sporthal de Fûgelkamp ferbouwe. Dêr krijt it pjutteboartersplak twa lokalen en in sintrale romte dêr't bern boartsje kinne.

Op dit stuit sit de opfang yn de eardere biblioteek fan De Harkema, mar dat gebou wurdt ynkoarten sloopt. De gemeente Achtkarspelen wol it leafst in folslein bernesintrum by de sporthal realisearje. Se binne dêroer noch yn petear mei de SKA, de Stichting Kinderopvang Achtkarspelen. De ferbouwing foar it pjutteboartersplak begjint moandei. Begjin jannewaris moat it klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)