Dit seistal spilet jûn wierskynlik harren lêste thúswedstriid foar SC Cambuur

Seis spilers fan SC Cambuur spylje woansdei nei alle gedachten harren lêste thúswedstriid foar de klup. De tsjinstanner yn it Cambuur Stadion is Willem ll.
Keeper Sonny Stevens © Orange Pictures

Sonny Stevens

De keeper kaam trije jier lyn nei Ljouwert. Hy groeide út ta in betroubere en goeie doelman foar Cambuur. Sonny Stevens einige yn it ôfbrutsen coronaseizoen earste mei de klup, mar it ferhaal is bekend: der kaam gjin promoasje. In jier letter diene Stevens en Cambuur dat keunstje oer en kaam de beleaning yn de foarm fan promoasje der wol.
Ek dit seizoen is Stevens in fêste wearde ûnder de latte. Doe't er nei syn blessuere wer fit wie twa wiken lyn, krige er fuortendaliks de foarkar wer boppe twadde keeper Pieter Bos.
Stevens hat lykwols in ôfrinnend kontrakt en neffens technysk manager Foeke Booy fan Cambuur is it gat tusken fraach en oanbod te grut. Neffens Stevens sels is de doar nei in langer ferbliuw yn Ljouwert noch net ticht, mar it seit folle dat Cambuur drok is mei it binnenheljen fan Andries Noppert.
Oanfierder Erik Schouten oer de wedstriid tsjin RKC

Erik Schouten

Minstens sa wichtich as Sonny Stevens is oanfierder Erik Schouten. Ek hy hat in ôfrinnend kontrakt, dat (noch) net ferlinge is. Al trije seizoenen is Schouten de oanfierder fan SC Cambuur. Wurdt dit syn lêste thúswedstriid yn it giel-blau? "Dat is een heel moeilijke vraag. Daar heb ik nog geen antwoord op. Dat is nog heel onduidelijk", seit Schouten.
De saakwaarnimmer fan Schouten en technysk manager Foeke Booy hawwe earder wol mei-inoar om tafel sitten. Mar, beiden hawwe in oare lêzing. Neffens Booy hat Cambuur in lêste oanbieding dien oan it kamp-Schouten, dêr't se ja of nee op sizze koene. Dêrop kamen, neffens Booy, lykwols dochs wer oanfollings, wêrnei't Cambuur de oanbieding ynlutsen hat.
By Schouten libbet net it idee dat de oanbieding ynlutsen is. De 30-jierrige ferdigener sjocht wol wannear't der dúdlikheid komt. "Je weet in de voetbalwereld: dat kan een week, maar ook een maand duren. We gaan het zien."
Jamie Jacobs yn aksje foar Cambuur © Orange Pictures

Jamie Jacobs

Jamie Jacobs hat de kâns krigen om syn ôfrinnende kontrakt by SC Cambuur te ferlingjen, mar dêrmei woe de middenfjilder wachtsje. Hy woe sjen oft der mooglik ynteresse komme soe om syn karriêre earne oars te ferfolgjen.
SC Cambuur hat fia Foeke Booy dêrnei sein dat se wol hearre soene as Jacobs dochs wer iepen stean soe foar de klup. De technysk manager fertelt dat er dêrnei lykwols neat mear heard hat fan Jacobs en syn saakwaarnimmer. Dêrmei is de kâns grut dat de 24-jierrige Noard-Hollanner nei de simmer foar in oare klup spilet.
Yn de earste twa seizoenen skoarde er tweintich kompetysjegoals yn de earste divyzje. Dit seizoen stiet de teller op fiif earedivyzjedoelpunten. Nei in goed begjin sakke Jacobs de ôfrûne moannen wat fuort. Syn lêste doelpunt datearret fan 26 novimber foarich jier.
Issa Kallon mei in skot yn it duel mei RKC © Orange Pictures

Issa Kallon

Fan Issa Kallon is wis dat er jûn syn lêste thúswedstriid spilet. De oanfaller hat al yn in betiid stadium oanjûn dat er syn ôfrinnende kontrakt net ferlingje wol. Kallon is mei reservedoelman Pieter Bos de spiler dy't it langste by de klup sit. Yn 2017 kaam de oanfaller nei Ljouwert ta.
Oer belangstelling hat Kallon neat te kleien. Yn de winter koe de 26-jierrige fleugelspiler nei Konyaspor yn Turkije, mar dêrfoar joech Cambuur doe gjin tastimming. Koartlyn kaam Kallon ta in akkoart mei Bristol City út it Ingelske Championship, mar dy oerstap giet nei alle gedachten dochs net troch.
Patrick Joosten © Orange Pictures

Patrick Joosten

Yn de winterstop kaam Patrick Joosten op hierbasis oer fan FC Groningen. Fuortendaliks makke Foeke Booy dúdlik dat it wat SC Cambuur oanbelanget gie om in hierperioade fan in healjier. De Ljouwerters hawwe ek gjin opsje ta keap op Joosten.
Konsekwinsje is dat Joosten noch twa kear it giel-blau drage sil. Jûn tsjin Willem ll en snein tsjin de klup dêr't er ûnder kontrakt stiet, FC Groningen. Hy spile nei syn komst nei Ljouwert fjirtjin wedstriden as fleugeloanfaller en skoarde dêryn twa kear.
Tamás Kiss oan de begjin fan dit seizoen © Orange Pictures

Tamás Kiss

Mei hege ferwachtings waard Tamás Kiss foar dit seizoen binnenhelle troch SC Cambuur. Dy ferwachtings binne net wier makke. Yn de earste twa moannen krige de Hongaarsk jeugdynternasjonal geregeld ynfalbeurten, mar yn 2022 spile er noch mar 27 minuten. Hy makket yn de eagen fan de technyske stêf net genôch yndruk.
SC Cambuur hat wol in opsje ta keap op Kiss, mar de kâns liket nihyl dat de klup dêrfan gebrûk makket. It wurdt jûn syn lêste thúswedstriid foar Cambuur, as er al meidwaan mei. Want de lêste trije duels kaam er net binnen de linen.
De wedstriden yn de 33ste en 34ste spylronde fan de earedivyzje wurde allegear tagelyk spile. Dat betsjut dat SC Cambuur tsjin Willem ll woansdeitejûn om acht oere tagelyk is mei sc Hearrenfean dat op besite giet by Ajax. Beide duels binne te folgjen yn in ekstra sportprogramma op de radio by Omrop Fryslân. Dat begjint om kertier foar achten.