De toan fan Froukje Sijtsma: "De skarrel mei syn drevel"

"In grutte eangst yn myn bestean is dat ik bedarje yn in libben fol sleur. Wat fyn ik it hearlik as saken oars rinne as pland of dat ik rekke wurd troch lytse dinkjes.
Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
De toan fan Froukje Sijtsma
Fan bysûndere petearen by tafallige moetings, of fan net-plande itentsjes of buorrels op in trochdewykse dei. Lytse geloksmominten dêr't ik dagenlang op tarje.
Foar leave minsken stiet myn doar dan ek altyd iepen. Foarige wike bygelyks joech ik myn húskaai oan in befreone kollega, dy't sels net yn Fryslân wennet. Hy soe meidwaan oan in pubkwis en moast moarns wer betiid wurkje. Sels wie ik net thús, dat hy moast him mar rêde. De reservekaai soe er op de tafel lizze litte.
It gegûchel mei rûnslingerjende húskaaien wie mooglik de oarsaak dat ik mysels in pear dagen letter bûtensleat. Mar miskien kaam it ek wol gewoan om't ik tefolle each hie foar myn superleuke skarrel dy't delkaam.
In hiele relakste man dy't in noch gruttere passy hat foar strunen as ik. Hy sei: "Wat seist derfan, Frouk? Sille wy ris efkes de hort op? We sjogge wol wêr't we de kommende dagen allegear bedarje." Entûsjast propte ik wat guod yn myn rêchtas, pakte myn telefoan, it boskje húskaaien en ik luts de doar efter my ticht.
Ik woe de doar op it nachtslot dwaan, mar ik krige der gjin beweging yn. "Hasto binnendoar soms noch in kaai yn it slot sitten?", frege myn skarrel laitsjend. Hy hie gelyk en ik naam fuort alle ynbrekopsjes troch.
De ruten wienen allegear ticht en de skopui efterhús kin allinnich fan binnen iepen makke wurde. Op dat momint hie ik net safolle nocht om my der drok om te meitsjen. We soenen ommers in wykein op 'e strún. Dy tichte doar koe ek wol in pear dagen wachtsje. It soe grif wol goedkomme, netwier?
It wie trouwens net de de earste kear dat ik mysels bûtensleat. Tsien jier lyn barde it ek doe't ik op Curaçao wenne. Myn freondinne út Nederlân wie by my útfanhûs en we wienen gauris op de flitter. Drankje hjir, dûnske dêr. Doe't we dy bewuste nacht thúskamen, nukte ik myn taske mei kaaien op bêd. Noch efkes toskboarstelje en ús klearmeitsje foar de nacht.
Ynienen in hurde knal. De sliepkeamersdoar wie troch de wyn tichtklapt, mar op ien of oare rare wize bliek ek de knop fan it slot oan de binnenkant yndrukt te wêzen. Wy koenen de sliepkeamer net mear ynkomme.
Yn de eftertún koenen we troch it rút it taske mei kaaien en telefoan op bêd lizzen sjen. It rút stie op in kierke en we lutsen 'm op syn fierst iepen. Op Curaçao sitte foar hast alle doaren en ruten traaljes. Se warskôgje dêr ek foar 'hengelaars': goudfiskers dy't mei stokken kostber guod besykje te stellen. Dy keunst fan it angeljen woenen wy ek wolris yn de fingers krije.
We rûnen it hûs wer yn en seagen om ús hinne. Wy fûnen in lange biezem en in dweilstok en makken dy mei ducttape oan inoar fêst. We dienen der ek noch in wat lytser stokje oan. Dy wie krekt lang genôch.
Behindich besochten wy de hingels fan it taske op te tillen en nei ús tafalle te litten. It wie behoarlik spannend oft ús gammele konstruksje it hâlde koe en it taske net op de grûn falle soe, mar it slagge ús om by ússels yn te brekken en einlings op bêd te gean.
Ek de skarrel hie dit wykein goeie moed. Hy hie al ferskillende senario's úttocht hoe't hy fia myn sliepkeamerrút de hûs ynkomme soe. Nei ús wykeintsje strunen fandele hy yn syn hok allerhande ark by inoar.
Plan A mislearre. It rút stie op in kierke, mar it wie net grut genôch om der izertried trochhinne te prikken en de klink omheech te wippen. Plan B makke flink wat mear leven yn de strjitte. Hy helle wat dakpannen fan it plak en raamde mei syn drevel de feilichheidspinnen út de skarnieren.
De boppekant fan it rút rekke dêrtroch los en mei in kloske izertried slagge it him om fan boppe-ôf de heakken fan de klink te krijen.
Plan C mei de koefoet en it stanleymes en plan D mei de bakstien wienen dus net mear nedich. Myn stoere skarrel krûpte behindich troch it rút en in pear sekonden letter stie hy breed laitsjend yn de doariepening, dêr't er my wolkom hjitte yn it hûs dat oars altyd foar oaren iepenstiet."