Hearrenfean wol mei deselde alve Ajax-feest fersteure

Hearrenfean begjint woansdei tsjin Ajax mei deselde alve spilers as snein tsjin Vitesse. Ajax kin yn de Johan Cruijff Arena kampioen wurden tsjin sportklup Hearrenfean.
Ole Tobiasen oer it mooglike kampioensfeest fan Ajax
Dat Hearrenfean mei deselde alve begjint, betsjut dat Joost van Aken en Nick Bakker der wer net by binne. Al is dat by Bakker noch net hielendal wis. Hearrenfean-coach Ole Tobiasen twivelet noch: "Nick heeft vandaag (tiisdei, red.) voor het eerst weer meegetraind. Als hij op de dag van de wedstrijd weer een reactie krijgt, laten we hem thuis. Maar hij begint zeker niet in de basis."

Underfining mei Amsterdamske kampioenswedstriid

Ole Tobiasen spile fan 1997 oant 'e mei 2002 foar Ajax. Yn it earste seizoen spile er as basisspiler in soad wedstriden, oant dat er in swiere knibbelblessuere oprûn.
Hy makke yn dat earste seizoen wol in kampioenskip mei. "Ik heb nog wel contact met verschillende mensen binnen de club. Het is een bijzondere wedstrijd om mee te maken. Er zal een mooie sfeer hangen. Alleen al als we aankomen."

Europeesk ticket

Mar Tobiasen leit as coach de neidruk foaral op syn eigen ploech. "We doen zelf mee om nog een Europees ticket te halen, dus daar ligt de focus vooral op. Maar weten dat het heel moeilijk wordt."
Ajax sit yn in mindere faze fan it seizoen en wint foaral syn wedstriden troch goals yn de einfaze fan in wedstriid. "Ajax heeft zoveel kwaliteit. Ik moet eerlijk toegeven, het was raar om een analyse van Ajax te zien, omdat ze nu van systeem zijn geswitcht."
Ole Tobiasen oer de mooglikheden tsjin Ajax
Hearrenfean spilet sûnt jannewaris 5-3-2. Ajax is ek feroare fan systeem, fan 4-3-3 nei 4-4-2. Tsjin watfoar systeem spilet Hearrenfean eins it leafst? Tobiasen: "Het makkelijkst voor onze eigen jongens is dat de tegenstander ook 5-3-2 speelt. Dan kunnen de wingbacks doordekken op hun wingbacks. Wij zijn nu voorbereid op meerdere systemen. Eigenlijk maakt het niks uit. Ajax heeft zoveel meer voetballende kwaliteiten. Daar zullen we morgen wel een antwoord op hebben. En gevaarlijk worden in de omschakeling."
De wedstriid Ajax-Hearrenfean begjint woansdei om 20.00 oere. Fan 19.45 oere ôf begjinne de útstjoering. Roelof de Vries is de kommentator by Ajax-Hearrenfean. Andor Faber sit op itselde momint by Cambuur-Willem II.