Cambuur wol wat rjochtsette tsjin Willem ll: "Het moet beter dan tegen RKC"

Mees Hoedemakers ûntbrekt woansdei by SC Cambuur yn de thúswedstriid tsjin Willem ll. De middenfjilder is skorst en mist dêrtroch de lêste thúswedstriid fan it seizoen.
Ynterim-trainer Dennis Haar sjocht op de ranglist nei sawol ûnder as boppe:
Ynterim-trainer Dennis Haar wol noch net sizze hoe't hy de ferfanging fan Mees Hoedemakers oplosse sil. "We hebben dat in ons hoofd, maar dat laten we tot morgen rusten", seit Haar. It soe Mitchel Paulissen of Jasper ter Heide wurde kinne. Haar wol ek neat sizze oer oare wizigings, sa as mooglik in basisplak foar ferdigener Marco Tol.
Op de lêste training tiisdei stapte spits Roberts Uldrikis al út nei de warming-up, mar hy is neffens Haar gewoan ynsetber tsjin Willem ll. "We hebben hem uit voorzorg uit de duels gehaald, maar we zien geen probleem voor morgen."
De competitie is momenteel retespannend.
Ynterim-trainer Dennis Haar fan Cambuur
De ferskillen op de ranglist binne lyts. Cambuur stiet mar trije punten efter op it achtste plak, dat rjocht jout op play-offs om Europeesk fuotbal. Tagelyk is de foarsprong op it sechtjinde plak, wêrmei't je play-offs om degradaasje spylje, seis punten.
Dat soe mei noch twa wedstriden te gean en in better doelsaldo genôch wêze moatte. Dochs hâldt Haar oeral rekken mei. "De competitie is op dit moment retespannend. Er gebeuren dingen die niemand had verwacht. Met 35 punten kan het nog steeds overal heen, dat is vrij uniek. We zijn op ons hoede, maar we hebben er geen invloed op."

Willem ll ûnder druk sette

Ofrûne freed krige Cambuur gjin druk op tsjinstanner RKC Waalwijk. Benammen yn de earste helte hiene de Ljouwerters muoite mei it spul fan de Waalwijkers. Dat is goed evaluearre. "Ik vind dat wij thuis altijd in staat zijn een tegenstander vroeg onder druk te zetten. Tegen RKC was dat minder en kregen we het niet goed voor elkaar. Het moet beter dan tegen RKC."
Minút stilte en roubannen
Der sil woansdei foar de wedstriid in minút stilte hâlden wurde fanwege it ferstjerren fan Jody Lukoki. Hy spile yn it seizoen 2013/2014 foar Cambuur en kaam moandei yn de âldens 29 jier om it libben. Neist de minút stilte sille de Cambuurspilers roubannen om hawwe ûnder de wedstriid.
Mei Willem ll treft Cambuur in klup dy't yn de degradaasjesône stiet. De Tilburgers steane santjinde en as se dêr oan de ein fan de kompetysje noch steane, degradearje se nei de earste divyzje.
En dus sil Cambuur in tsjinstanner moetsje dy't mei it mes tusken de tosken spylje sil. It brocht se sneon in 2-0 oerwinning op Heracles Almelo en dy wedstriid hat Haar fansels ek sjoen. "Als je kijkt naar de laatste wedstrijd van hun, vraag je je soms af hoe ze zo laag kunnen staan", jout Haar ta.
De wedstriden yn de 33ste en 34ste spylronde fan de earedivyzje wurde allegear tagelyk spile. Dat betsjut dat SC Cambuur tsjin Willem ll woansdeitejûn om acht oere tagelyk is mei sc Hearrenfean dat op besite giet by Ajax. Beide duels binne te folgjen yn in ekstra sportprogramma op de radio by Omrop Fryslân. Dat begjint om kertier foar achten.