Ljouwerterdyk by Ferwert ticht nei ûngelok mei twa auto's
Der hat tiisdeitemiddei in ûngelok mei twa auto's west op de Ljouwerterdyk yn Ferwert. De dyk is op 'e hichte fan it ûngelok yn beide rjochtingen ôfsletten.
Plysje, brânwacht en ambulânse binne te plak om help te ferlienen. Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend. De plysje docht dêr ûndersyk nei.