Net genôch hynders mear foar demonstraasjes mei hynsterêdingsboat op Skylge

Op Skylge binne dizze simmer gjin demonstraasjes mei de hynsterêdingsboat. De stichting Museumreddingboot wie bliid dat alles wer los koe nei twa jier corona, mar no docht bliken dat der te min hynders binne.
Demonstraasje fan de hynsterêdingsboat op Skylge © ProNews Producties
Guon hynders binne te âld, ien eigener mei hynder is ôfheakke en der binne hynders mei krupsjes. Alle jierren brocht de stichting fjouwer kear yn it jier mei tolve hynders roeirêdingsboat Secretaris Schumacher nei de Noardsee.
Der binne no noch seis hynders oer foar de demonstraasje, mar dat is te min, seit Martinus Kosters fan de stichting Museumreddingsboot.
De stichting hat wol sjoen by oare bedriuwen oft dy hynders beskikber hawwe. Mar dy moatte se sels brûke. It hieren fan hynders is ek gjin opsje. "Dat zouden we wel willen, maar dan moeten we ook een geldbuidel hebben", leit Kosters út. "We hebben het al gauw over 5000 tot 7000 euro per jaar."

Tradysje

"We geven de moed niet op", seit Kosters. Hy hopet in jildstream opsette te kinnen foar de langere termyn. Boppedat soe der op it eilân in eigener mei jonge hynders wêze, dy't yn de takomst meidwaan kinne.
Kosters fynt dat der alles oan dien wurde moat om dizze tradysje yn stân te hâlden. "Terschelling is de enige plaats ter wereld waar nog een roeireddingsboot door paarden naar de zee wordt gebracht."
Martinus Kosters fan stichting Museumreddingsboot