It langstme wie te grut: opfongen famylje werom nei Oekraïne

It langstme nei Oekraïne en de efterbleaune famylje wie te grut. De Oekraynske famylje Zorenko dy't yn Wytmarsum opfongen waard, wie ûnwennich. Se binne dit wykein ôfset by de grins tusken Oekraïne en Poalen. No binne se wer thús, yn Smila.
De famylje Zorenko wie bot ûnwennich:
Yn de hal en yn it kantoar fan de famylje Bos yn Wytmarsum leit it noch fol mei boartersguod. Marjan Bos kin it noch net opromje. It is allegear noch te farsk foar har.
Twa dagen lyn is se mei har man en beide bern weromkaam út Poalen. Dêr wie it emosjonele ôfskied fan de famylje Zorenko. It wie begjin maart doe't mem Inna mei fjouwer bern ûnderdak socht.

Hoopje op goede ôfrin

Fia de tsjerke kamen se yn Wytmarsum, by André en Marjan Bos. Sy hienen noch wol romte yn har bedriuwspân oan de râne fan Wytmarsum. Twa moannen lang strúnden de bern der om. No binne se fuort en fielt it leech oan foar Marjan. "Je witte net hoe't it mei se komt. Wat dêr bart. We hoopje op in goede ôfrin en dat se neat oerkomt."
André Bos fong de famylje op yn Wytmarsum © Omrop Fryslân
De ûnwennigens fan de Zorenko's groeide mei de dagen. Alle dagen wie fia ynternet kontakt mei it thúsfront. De man fan Inna wie efterbleaun. Hy sit yn it leger. Mar ek de âlders fan Inna wenje dêr.
Dus ferline wike ha we frege oft se der wis fan binne en nei in 'ja' ha we de reis organisearre.
André Bos
"Je ha it sels ek as je op fakânsje binne", seit Marjan. "Dan wolle je nei hûs." Foar André en Marjan wie it dúdlik: wy bringe se sels nei de grins. "Ik ha fuort sein dat we dit aventoer ôfmeitsje", seit André. "Dus ferline wike ha we frege oft se der wis fan binne en nei in 'ja' ha we de reis organisearre." Sa'n 3400 kilometer hinne en wer, yn in spesjaal dêrfoar chartere bus.

Emosjoneel ôfskied

It ôfskied by de grins wie emosjoneel. Marjan: "Ik wie kapot. Ik ha dêr stien te gûlen. Inna flústere doe yn myn ear: 'I love you' en 'moatst net gûle.' Je krije sa'n bân mei dy minsken, it is krekt je eigen."
André Bos is dúdlik: "Ik ha noch sein: doch it net, bliuw hjir. Mar je koenen sjen dat it net langer gie."

Mei koffers de grins oer

De famylje Bos is noch bot ûnder de yndruk fan wat se oantroffen by de grins tusken Oekraïne en Poalen. De rige wachtsjende auto's dy't it lân yn wolle is 15 kilometer lang. "Oeral sjogge je ek de ôffalpûden neist de auto's stean. Dat betsjut dat guon der al dagen stean", seit André.
"Mar ek by de grins sels. Dan komt ien nei bûten mei allinnich in tas mei klean. Safolle ellinde sa tichby. It is mar 15 oeren riden."
André en Marjan Bos
De famylje Zorenko gie net mei lege hannen werom. Se kamen mei neat, mar komme thús mei koffers fol klean en boartersguod. Marjan: "We binne de minsken hjir sa tankber. Se ha safolle klean en boartersguod brocht. Der stiet hjir noch hiel wat en we ha beloofd dat we, as it kin en feilich is, mei ús frachtwein dy kant opkomme en it meinimme."

Feilich oankaam

De Zorenko's binne feilich oankaam yn Smila. Der hat telefoanysk kontakt west. Dat smiet ek fuort in soad stress op. Marjan: "Ik sei hjir wolris dat it krekt like oft der in bom ôfgien wie, mei al dat boartersguod fan de bern oeral. Dat sei Inna no ek doe't we oan it byldbeljen wienen. Ik siet fuort yn de stress want ja, it is dêr oarloch. Mar se doelde op de binde yn de tún. It wie in grapke."
Oekraïne en de tastân dêr lit se net los. André twivelet net by de fraach oft er wer in famylje opnimme soe: "Ja, fansels. Lit mar komme."
Yn de bedriuwsromte is op 21 maaie in benefytkonsert. De famylje Bos wol sa jild ynsammelje foar help oan Oekraïne.