Ald-yngenieur wol alternatyf Deltaplan: "Jild foar Lelyline komt der net"

It jild foar de Lelyline is der net, komt der net en sil der ek noait komme. Dat seit âld-haadyngenieur Piet Muijzert (72) fan Oude Pekela. Hy hat dêrom in alternatyf Deltaplan skreaun om Noard-Nederlân 'struktureel sterker' te meitsjen.
Grinslanner yngenieur Muijzert presintearret alternatyf deltaplan oan Provinsjale Steaten
It ambisjeuze Deltaplan voor het Noorden fan de noardlike provinsjes, mei dêryn de oanlis fan de Lelyline en de bou fan 220.000 nije hûzen, sjocht Piet Muijzert net sitten.
Hy hat dêrom in alternatyf plan makke mei as titel 'Noord-Nederland structureel sterker maken'. Muijzert hat dat plan presintearre oan provinsjale steaten fan Drinte en Grinslân.
Hy soe dat tiisdei ek presintearje oan provinsjale steaten fan Fryslân, mar dy gearkomste is útsteld fanwege corona. De FNP naam it inisjatyf om Muijzert nei Fryslân te heljen en lit witte dat der sa gau mooglik in nije datum socht wurdt foar de presintaasje yn Fryslân.

34 foarstellen

Yn syn plan stean mar leafst 34 foarstellen mei kaarten en foarriedige begruttingen om de ynfrastruktuer fan Fryslân, Grinslân en Drinte te ferbetterjen.
Freonen én kritisy fan Muijzert neame syn aksje unyk, want it is net earder foarkaam dat in boarger sa'n folslein plan skreau foar it ferbetterjen fan de ynfrastruktuer fan in part fan Nederlân.
Muijzert hat wol rjocht fan praten, want hy wie yn it ferline as projektlieder belutsen by ûnder oare de oanlis fan de spoartunnel ûnder Schiphol en dielen fan de hegesnelheidsline.
Piet Muijzert mei in foto fan de oanlis fan hegesnelsheidsline HSL © Omrop Fryslân
Muijzert is bekend mei de grutte winsk fan Drachten om in treinstasjon te krijen. Drachten is neffens Muijzert it bêste tsjinne mei in regionale spoarline fan ien spoar lâns de A7 nei It Hearrenfean, dêr't reizgers dan oerstappe kinne op in flugge intercity.
"Drie miljard is bij lange na niet genoeg voor de Lelylijn. Het noorden is beter gediend met onderdelen uit mijn plan, want die zijn behapbaar en dan gebeurt er tenminste iets."

Dûbel spoar nei Grins en bredere farwegen

It spoar fan Grins nei Ljouwert soe Muijzert folslein ferdûbelje wolle. Fierder pleitet de yngenieur ûnder oare foar it geskikt meitsjen fan de farwegen nei It Hearrenfean, Drachten en Ljouwert foar skippen oant 3500 ton. Dy farwegen soene dêrfoar it bêste oerdroegen wurde kinne oan it Ryk.
Yngenieur Pieter Muijzert oer in pear ûnderdielen fan syn alternative deltaplan
Muijzert hat syn alternative Deltaplan earder al presintearre oan Provinsjale Steaten fan Drinte en Grinslân. Dat barde yn de provinsjehuzen yn Assen en Grins. De presintaasje oan Provinsjale Steaten fan Fryslân soe lykwols net op it Provinsjehûs wêze, mar, op inisjatyf fan de FNP, yn it doarpshûs fan Marsum.

Top 3

Muijzert freget yn elke provinsje de steateleden om in eigen top 3 te meitsjen fan de foarstellen dy't sy it wichtichst fine. It jild dat it kabinet reservearre hat foar in bettere ynfrastruktuer yn Noard-Nederlân is nei alle gedachten genôch om dy projekten te realisearjen.
Die technische kennis is er helaas niet meer op de provinciehuizen.
Yngenieur Piet Muijzert
It rapport 'Bouwstenen voor het Deltaplan' dat de noardlike provinsjes ferline jier nei it kabinet stjoerden, is neffens Muijzert in foarbyld fan in stik dat skreaun is troch amtners en politisy mei ûnfoldwaande technyske kennis oer it oanlizzen fan in nije spoarwei fan 125 kilometer.

Betelber en útfierber

"Die technische kennis is er helaas niet meer op de provinciehuizen." Muijzert fielt him roppen om, nei in lange karriêre yn de technyk, wat werom te dwaan foar Noard-Nederlân troch mei in alternatyf Deltaplan te kommen mei foarstellen dy't neffens him wol betelber en útfierber binne.