Krityk op meidieling molkkrapte yn supermerken; drûchte is net de reden

Yn guon supermerken binne lege planken te finen, dêr't oars molkprodukten stean. Op sosjale media ûntstie opskuor oer de útlis fan dy krapte yn guon Jumbo-filialen.
Krityk fan LTO oer reden molkkrapte yn supermerken
De útlis wie, dat der gjin molke is, omdat it te drûch waar is.
Der is wol drûchte, mar dat spilet op dit stuit gjin rol yn de molkproduksje. It leit neffens lânbou-organisaasje LTO net oan de produsinten en molkkrapte is net oan de oarder.
"De produksje is de ôfrûne jierren yn syn totaliteit ôfnaam", seit LTO-bestjoerder Jan Teade Kooistra. "Mar der is genôch molke om alle winkels goed te befoarrieden."
Lege planken © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Neffens Kooistra binne lege planken in ynsidint, dat eins allinnich by supermerkketen Jumbo spilet. "Dy hannel wurdt dien troch in inkeling fan Jumbo en in inkeling fan Friesland Campina. Dêr krije je de achtergrûn net fan en dat is ek logysk. Der wie in patstelling en beide partijen ha de poat stiif hâlden. Sa moatte je it sjen", leit Kooistra út.

Krityk op sosjale media

In berjocht hjiroer op Facebook fan de LTO is al 3500 kear dield. Op Twitter is ek in soad krityk te sjen. Under oaren fan ekonomy-deputearre Friso Douwstra.
Meidieling yn de supermerk dat molke op is, fanwegen drûchte © Twitter
"As de útlis is dat der te min rein falt en dat dêrtroch gjin molke op de planken stiet, dan kloppet dat net en dêrom ha ik der wat fan sein. En as in supermerk mei in boer of de koöperaasje der net útkomt, sis dat dan. Mar betink gjin ferhalen dy't nergens op slaan."

Hege molkpriis en hege kostpriis

De molkpriis is heech, mar de kostpriis ek. Dan kin it tusken de hanneljende partijen wolris stroef gean. Yntusken binne de partijen der dochs út kaam en sille de lege planken ek wer folle wurde mei molke.