Op syk nei it paradys yn de bosken fan Oranjewâld mei keunsttentoanstelling

Fan in zen-tempel oant in âld saunahúske: besikers kinne yn de bosken fan Oranjewâld keunst oer it paradys besjen. De tentoanstelling Paradys toant wurk fan fyftjin keunstners út binnen- en bûtenlân en is ûnderdiel fan Arcadia.
Artistyk lieder Hans den Hartog Jager (l) mei keunstner Augustas Serapinas by de saunahutte © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
De keunstwurken steane ferspraat yn it gebiet by hotel Tjaarda yn âlde tsjerken, middenyn de bosken of by it wetter. It gebiet is oait oanlein troch de Fryske Nassaus en is hjoed-de-dei noch altyd in paradyslik plak.
Keunstners befreegje mei harren wurk it fenomeen paradys, guon stean ek stil by de histoarje fan it gebiet. "Soms is het heel mooi, soms is het kritisch en soms is het prikkelend", seit Hans den Hartog Jager, artistyk lieder fan Paradys.
Ferslachjouwer Wendy Kennedy praat mei artistyk lieder fan Paradys Hans den Hartog Jager
Sa hat keunstner Diana Scherer ferskate jurken makke bedoeld foar de stedhâlders-froulju dy't it bûten by Oranjewâld oait oprjochte hawwe. De jurken binne makke fan woartels fan haver.
De jonge keunstner Isa van Lier hat in soarte fan zen-tempel makke dêr't besikers yn kinne en útnûge wurde om de stilte op te sykjen.

Blommemozayk op parkeargaraazje

Erik van Lieshout sil ynkoarten in blommemozayk meitsje op de parkeargaraazje op It Hearrenfean. Doel wie yn de buert fan Oranjewâld, mar hy koe dêr gjin tastimming krije. Fan dizze syktocht hat hy in film makke dy't wól wer te sjen is op in plak yn de bosken fan Oranjewâld.
Ek is in hiele âlde saunahutte te sjen, dy't de Litouske keunstner Augustas Serapinas opkocht hat. Besikers kinne de hutte foar in oere boeke om ta harsels te kommen.
Paradys is ûnderdiel fan de 100 dagen duorjende keunstmanifestaasje Arcadia en is oant en mei 14 augustus te besykjen.