Ald-Cambuurfuotballer Jody Lukoki (29) stoarn

Fuotballer Jody Lukoki is op 29-jierrige leeftiid stoarn. Yn 2013/2014 spile er in seizoen op hierbasis foar Cambuur. De oarsaak fan Lukoki syn dea is ûnbekend.
Jody Lukoki yn it shirt fan Cambuur © ANP
Lukoki trochrûn de oplieding fan Ajax. Yn syn lêste kontraktjier waard er troch de Amsterdammers ferhierd oan Cambuur. It wie it seizoen 2013/2014, dat Cambuur as tolfde ôfsleat.
Yn de Fryske derby, thús tsjin sc Hearrenfean, makke Lukoki dat seizoen de 3-0. Ek yn de útwedstriid tsjin Hearrenfean skoarde er.
Letter spile Lukoki noch foar PEC Zwolle, Ludogorets, Yeni Malatyaspor en FC Twente. By dy lêste klup stie er earder dit seizoen noch ûnder kontrakt.
Yn jannewaris waard er feroardiele ta in taakstraf fan 80 oeren omdat er syn freondinne mishannele hie. Twente ûntbûn doe it kontrakt.