Trije militêren skorst nei ûngelok op fleanbasis Ljouwert

De loftmacht hat trije militêren skorst nei oanlieding fan in ûngelok op 25 april op de fleanbasis Ljouwert. By dat ûngelok rekken twa piloaten slim ferwûne.
De helptsjinsten op de fleanbasis © CAMJO media
"De luchtmacht neemt de maatregel ook om de orde en rust op het onderdeel te herstellen", skriuwt Definsje.
De Koninklijke Marechaussee docht noch strafrjochtlik ûndersyk ûnder lieding fan it Iepenbier Ministearje. "Afhankelijk daarvan, en mogelijke strafrechtelijke vervolging, worden eventuele nadere stappen gezet."
It ûngelok mei in foarkheftruck barde op in feest. Oer de presise tadracht wurde noch gjin meidielings dien, mar in wurdfierder sei doe al dat de masine "niet tijdens werkzaamheden" brûkt is.

"Nogal wat gebeurd"

De wurdfierder wol no allinnich tsjin de NOS sizze dat "er nogal wat gebeurd is" op de basis en dat de loftmacht yn it ramt fan iepenheid no meldt dat de militêren skorst binne. "We merken dat daardoor de rust wederkeert."