Rekôrtal ynskriuwingen foar Frysk diktee

Oan de kwalifikaasje foar It Grut Frysk Diktee hat dit jier in rekôrtal fan 257 minsken meidien. De 15 bêsten dêrfan meie meidwaan oan de grutte finale op 17 maaie yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert.
It Grut Frysk Diktee © It Grut Frysk Diktee
Neffens sjueryfoarsitter Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy lei it nivo fan de ynstjoerders dit jier heech. In soad dielnimmers hiene it kwalifikaasjediktee rom foldwaande makke. "De 15 dielnimmers dy't meidogge oan de finale sitte kwa skoare hiel ticht byinoar en binne dus allegearre potinsjele winners fan It Grut Frysk Diktee, it kin noch hiel spannend wurde!"

Nij elemint

Dizze edysje hat it diktee in nij elemint: seis teams mei bekende en ûnbekende Friezen gean de striid mei inoar oan. Yn it team mei bekende Friezen sitte ûnder oaren presintator Sipke Jan Bousema, sjonger Joop Obama en shorttrackster Rianne de Vries.
Der is ek in team mei direkteuren, dêr't ûnder oaren Wim Kleinhuis fan Veiligheidsregio Fryslân, Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân en Marijke Akkerman fan it Koninklijk Friesch Paarden Stamboek yn sitte.
De oare fjouwer teams besteane út studinten, Friezen om utens, politisy en de Freonen fan Omrop Fryslân. De winner fan It Grut Frysk Diktee giet nei hûs mei 'it gouden dakje' en foar it winnende team is in aparte priis. Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop hat de dikteetekst skreaun, mei as tema 'sport'.
It Grut Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Afûk, it Sintrum Meartaligens fan Cedin, de Fryske Akademy, de Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân.
It Grut Frysk Diktee is op woansdei 18 maaie om 20.30 oere te sjen by Omrop Fryslân. De presintaasje is yn hannen fan Miranda Werkman. Minsken dy't nei it programma sjogge, kinne thús meiskriuwe. Nei ôfrin is de tekst te finen op www.fryskdiktee.nl.