Marsumer sjauffeur (80) werom út Oekraïne: "As je helpe kinne, dogge je dat"

Ald-sjauffeur en -suvelman Jan Posseth is werom út Oekraïne. Hy hat dêr 20.000 kilo iten hinne brocht. Posseth is 80 jier en fernimt wol dat de kondysje wat minder is.
Jan Posseth mei de kaart fan Oekraïne © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Ik soe moarn net wer fuort kinne", fertelt de Marsumer. "Wol wolle hear, want dy minsken ha wat nedich."
Posseth is bekend yn it helpsirkwy en der wie ferlet fan sjauffeurs om helpguod nei Oekraïne ta te bringen. "As je helpe kinne, dan dogge je dat."
Ik moat ek ris om mysels tinke, sizze se.
Jan Posseth wit noch net oft er nochris giet
Oft Posseth echt nochris giet, wit er noch net. "Ik moat ek ris om mysels tinke, sizze se." En hy giet der ek net allinnich oer: syn frou moat it ek goed fine. "Ik hie no gelokkich tastimming om it te dwaan, want oars is it net te dwaan. Dat fertrouwen is der."
Net allinnich fan syn frou krige er it fertrouwen, mar ek fan syn doarpsgenoaten. "Ik hie papierkes rûnbrocht omdat de disel sa djoer wie. Ik frege oft se deroan meibetelje woenen. Dat is geweldich gongen."

Doarp libbet mei

Posseth hie sa'n 2.000 euro nedich, mar hat wol in pear kear safolle binnen helle. "Ik kin der noch wol twa of trije kear hinne foar it jild. Dat jout je in moai gefoel, dat je doarp sa meilibbet. Dat fyn ik geweldich, dan wol ik it graach fuortbringe."
Ynsammelaksje foar de brânstofkosten © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De reis nei Oekraïne ferrûn hiel noflik en sûnder grutte problemen. "It iennige wie dat der op grutte krúspunten allegear guod stie om de boel tsjin te hâlden, mei militêren derby. Mar dêr koenen je gewoan troch sigesaagje. Je waarden net oanholden."

Ride en ôfleverje

It holp Posseth wol dat er bekend is mei it wurk. "Ik ha in lytse 25 jier helptransporten dien en yn in hiel soad lannen west. Dan witte je wol hoe't it giet en hoe't je hannelje moatte. Fierder is it riden en ôfleverjen."
Sa no en dan moast er even omride, fanwege gefjochten fierderop. "Dat hâlde se wol yn de gaten. Dan krije je berjocht dat je nei in oar plak ta moatte. Dat moast ik earst ek. Mar dat is eins krekt as hoe't je hjir op de autodyk ride."
Doe't er syn guod ôflevere hie, gong er fuort werom. "By oare helptransporten bleau ik der wolris om de spullen ek wer út te dielen. Dat wie hiel oars as no."