Min jier foar Fryske hoareka

In min jier foar de hoareka yn Fryslân driget ek yn mineur te einigjen. Trochdat de feestdagen fan desimber dit jier yn it wykein falle, binne der eins hast gjin ekstra ynkomsten foar de kafees, restaurants en hotels.
It Sintraal Buro foar de Statistyk makke tongersdei de sifers bekend fan it tredde fearnsjier. Benammen de kafees hawwe swiere klappen hân. Sy dûke foar it earst yn de min. Dat de hoareka it dit jier sa dreech hat, hat te krijen mei de minne simmer en mei de krisis.