Beitske Visser by twadde race yn Miami net yn de buert fan it poadium

Beitske Visser is by de twadde race fan de W Series net yn de buert fan it poadium einige. De autokoereur fan Twellingea einige as sânde.
Beitske Visser © Orange Pictures
De oerwinning gie krekt as by de seizoensiepener op sneon nei de Britske Jamie Chadwick.
Mei troch har poadiumplak op sneon stiet Visser no mei 21 punten op it tredde plak yn it klassemint. De nûmer twa, de Spaanske Nerea Martí, hat 26 punten. Chadwick hat der al fyftich.
De folgjende race stiet op 21 maaie yn Barcelona op it programma.