Eigener fan hûn dy't trije geitsjes deabiet op Skylge meldt him

De eigener fan de hûn dy't nei alle gedachten trije geitsjes deabiten hat op Skylge hat him meld. Dat lit boskwachter Joeri Lamers witte op Twitter.
© Twitter: @JoeriLamers
De boskwachter trof op freed twa deade en twa ferwûne geitsjes oan. Hy gie der doe al fanút dat in hûn dêr nei alle gedachten ferantwurdlik foar wie. Ien fan de geitsjes oerlibbe syn ferwûningen net.
De eigener fan de hûn wie bot ûntdien, seit Lamers. De saak wurdt no fierder ôfhannele.